K-rûte fan 29 maaie 2013

Giovanni Dalessi is keunstner fan it jier 2013. Hy skildere sân moderne ikoanen foar sân Fryske tsjerken.
Sân Fryske dichters skreaunen in gedicht foar elts fan dizze projekten.

www.giovannidalessi.com

Iepenloftspul 'Drie Gebroerders' oer 100 jier Sneker Pan

De Sneker Pan, it skûtsje fan Snits, bestiet 100 jier en dat wurdt fierd mei it iepenloftspul 'Drie Gebroeders'. De foarstellings fine plak op it rekreaasjeterrein De Potten, oan de wâl fan de Snitser Mar, dêr't de tribune en it dekôr opboud binne.
De Stichting Panteater, in gearwurking mei Teater Snits en Stichting De Sneker Pan, hawwe spilers fan Teatergroep Snits en in protte frijwilligers frege mei te dwaan. It ferhaal is skreaun troch Bouke Oldenhof. De rezjy is yn hannen fan Wiesje Jansma. De premjêre is op freed 31 maaie.
It stik giet oer it swiere skipperslibben yn 1913, oer de striid fan de skipper en syn bemanning om de kampioenswimpel te feroverjen, en oer it libben fan Snitser Dicky van der Werf, dy't eartiids in grutte rol spile hat yn it bestjoer fan de Sneker Pan.
Ien fan syn maten wie Joop Doevendans (85). Hy hat mear as trittich jier bestjoerslid west by de Sneker Pan en de SKS sitten. De K-rûte nimt him mei nei de lytse eksposysje oer de Sneker Pan yn de 400-jierrige Waterpoort en nei in repetysje.

www.panteater.nl

Yn Burgum spilet de iepenloftploech dit jier "Passy of Pasta".
In stik oer de famylje Fiorelli, in grutte tradisjonele famylje fan pastamakkers. In tragikomysk en hilarysk stik.
As de heit it bedriuw oan syn soanen oerdrage wol ontstiet foar soan Tomasso in probleem. Hy libbet nammentlik mei in man yn Rome en dat wit de famylje net.
Dat jo begripe it dilemma: kiest hy foar syn famylje en de saak of foar de leafde?
Dit dilemma smyt neffens de makkers temperamintfol fjoerwurk op.
Passy of Pasta wie in winsk fan teatermakker en regisseur Wouter Daane.
Hy skreau it spesjaal foar it iepenloftspul fan Burgum.

www.iepenloftspul.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)