K-rûte fan 28 novimber 2012

  • Hammer & Kaspers

Yn dizze K-rûte:

* Muzykteaterduo Hammer & Kaspers
* Grafysk foarmjouwer Wytse Sterk
* K-rûte lêsklup lêst 'It libben fan in oar'.

 

Hammer en Kaspers
Tim Hammer en Wiebe Kaspers foarmje it muzikale teaterduo Hammer & Kaspers. Se sitte fol ambysjes en sette heech yn mei harren debútshow “Meneer Winter”. Se hawwe humor en harren muzyk rekket ynfloeden út sjanson, rock, blues, pop en folk. Wiebe en Tim komme beide út de omkriten fan Ljouwert en stean oan it begjin fan in reis troch Nederlân. De kommende moannen spylje ze in Warns, Arnhem en Maastricht. Op 28 novimber draaie de jonges de Fryske premjêre fan “Meneer Winter”. In show wêryn't se boartsje mei ferwachtings dy't se koesterje en de teloarstellings dy't dan faak ek wer om 'e hoeke komme.
www.hammerenkaspers.nl

 

Wytse Sterk
Wat is de oerienkomst tusken it Fryske Cash projekt, King Kong Records, it Jailbreak Festival, Danny Panadero en Strawelte? Just!! De 37-jierrige grafysk foarmjouwer Wytse Sterk út Ljouwert. Hy is de persoan efter de foarmjouwing foar al dizze bands en organisaasjes. Dêrneist makket hy ek seefdrukken foar Poppoadium Vera út Grins. En mei dy seefdrukken eksposearret hy oant begjin desimber yn it Tattoo Museum yn Amsterdam. Dat is it museum fan tattoo artyst Henk Schiffmacher. Douwe Talma socht Wytse op en gie mei him nei Amsterdam.
www.gosterk.nl

 

Lêsklup lêst It Libben fan in oar
De lêsklup fan K-rûte besprekt dizze kear de roman It libben fan in oar fan Jetske Bilker (Seisbierrum 1960). It thúsbringen fan in heimsinnige liftster soarget foar in grutte feroaring yn it libben fan promovendus Johan Visser út Ljouwert. Hy stoppet mei syn proefskrift oer de njoggentjinde-ieuske Fryske dichter Boate Annes de Vries en begjint oan in biografy, dy't in bestseller wurde moat, oer in noch springlibbene operasjongeres. Net elkenien is lokkich mei syn kar: syn partner Martsje sjocht har dreamde takomst mei rykdom en wolfeart yn reek opgean. En de operasjongeres wol net goed meiwurkje omdat se har priveelibben net oan Johan kwyt wol. In boek oer de fraach as minsken yn in relaasje elkoar eins wol goed kenne, mar ek oer de wrakseling fan de wierheid en leugens. En miskien giet it boek ek wol in bytsje oer de skriuwster sels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)