K-rûte fan 27 febrewaris 2013

Vrieslân Wûnderlân. Oer wêr't it misgie mei Fryslân.
Ferline jier makken de mannen fan BUOG (Pieter Stellingwerf en Cees Botman) de foarstelling ‘Tetmanstate’ yn it WTC yn Ljouwert. It sukses fan dy bysûndere lokaasje-teaterfoarstelling smakke nei mear. De mannen stutsen de koppen op 'e nij byelkoar en betochten de eksposysjefoarstelling ‘Vrieslân Wûnderlân’, dat kommende tongersdei 28 febrewaris yn premjêre giet.
De teatermakkers omskriuwe it sa:
It is it jier 2045, 700 jier nei de slach by Warns en 25 jier nei de ein fan Fryslân. Yn Museum Fryslân binne noch in pear relikwyen fan de romrofte naasje bewarre bleaun. In entûsjaste suppoast, ien út it neiteam fan in bekende Fryske akteur, laat de besikers troch it museum en besiket sa goed en bêst as er mar kin, it âlde Fryslân út eardere dagen wer ta libben te bringen. Oan ‘e hân fan in marketingplan út it jier 2010 wurdt beredenearre wat der allegearre misgien is. In satiryske teaterfoarstelling op in eigen regele lokaasje dy't omtsjoend is ta in autentyk belibbingspark. K-rûte’s oandacht wie lutsen.

Inez Timmer werom yn Fryslân.
Sjongeres Inez Timmer (57) stiet nei tweintich jier wer op it Fryske poadium. Sy makket noch hieltyd karriêre yn Dútslân, mar komt mei har teaterprogramma 'Inez' yn de hjerst werom nei it heitelân, dêr't it foar har allegear begûn. Op dit stuit nimt sy, tegearre mei pianist/arranzjeur Peter van der Zwaag, in nije cd op mei lieten yn ferskate muzykstilen. Nije lieten, mar ek lieten dy't sy earder al song en no in nij arranzjemint krigen hawwe.
De Fryske folkleafhawwers kinne Inez Timmer noch út de tiid fan ‘Irolt’ (1975-1987). Doe't dy folkgroep der mei ophâlde, gong Inez nei it konservatoarium yn Hilversum. As ôfstudearre jazzsjongeres waard sy troch Joop van de Ende frege foar in rol yn de musical Cyrano de Bergerac en letter foar The phantom of the opera. Yn 1994 die Inez mei yn Elisabeth yn Wenen, en de leafde brocht har úteinlik nei it Dútske Essen. Har cv is yntusken in moaie en lange list mei meardere funksjes en projekten dy't sy dien hat. De enerzjike Inez Timmer en har man bivakkearje yn de tiid fan de cd-opnamen yn harren fakânsjehûs yn Esonstêd by Eanjum. K-rûte makke in ôfspraak en sil mei nei de opnamen foar har nije CD.

De koperdieven fan Weidum.
Ferline wike makke de muzykferiening 'Excelsior’ (1895) út Sint Anne bekend dat it muzykkorps dermei ophâldt. Temin leden. It folk is yn it jier 2013 net mear waarm te krijen foar in plakje yn de doarpsfanfare. Excelsior fan Sint Anne is net de ienige muzykferiening dy't it dreech hat en dermei ophâldt, of ophâlde moat. Op de doarpen wurdt der fan alles besocht om de, faak mear as 100 jier âlde korpsen, oerein te hâlden. Mear leden en mear jild foar ynstruminten, dat is de ynset. Want hoewol’t der hast gjinien lid fan wurde wol, fynt hast wol elkenien dat in doarp sûnder korps eins gjin doarp mear is. Weidum stiet foar itselde probleem en besiket op har eigen manier wat te dwaan. Mei in film, kombinearre mei in muzykspektakel, wolle sy oandacht krije en jild generearje.
K-rûte gie nei in repetysje fan it Weidummer korps en wie by de opnamen foar de film ‘Koperdieven’ dy't makke wurdt foar de feestjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)