K-rûte fan 26 septimber 2012

  • Sytze Pruiksma spilet "Laaksum".

Freeze en Media Art.

Sneon 22 septimber wie it Freeze Festival. Meer as 50 bands út binnen- en bûtenlân yn de Ljouwerter Harmonie mei sa'n 2500 besikers elts jier.
No tinke je by de Harmonie net drekst oan poptimpel en oan jongerekultuer. Dan moat der al even wat oan feroare wurde. Bouke Groen krige de opdracht om it gebou ûnder hannen te nimmen. Hy is in jonge ljocht-, lûd- en fideokeunstner.
Syn wurk stiet net op himself, want it Media Art festival, dat ferline jier de subsidyzje kwytrekke, is partner wurden fan dizze edyzje fan it Freeze Festival.

www.freezefestival.nl

Ekspedysje Laaksum.

Laaksum as ynspiraasjeplak foar keunstners. In dizze moanne fan it Fryske Boek hawwe Tresoar en De Culturele Onderneming in ekspedysje nei dit 'ikoanysk' plak oan de âlde Sudersee organisearre. Sneon 22 gongen trije bussen fol belangstellenden op `n paad nei Laaksum, fia Boalsert, Riis en it Reaklif. Underweis optredens fan bekende lânlike en Fryske dichters, skriuwers en muzikanten. Dichter Arjen Hut, 'dichteres des vaderlands' Joanne Hoekstra en skriuwer Atte Jongstra binne ek fan de partij. Wat docht dit plak mei keunstners?
It idee foar dizze ekspedysje komt fan Bert Looper, direkteur fan Tresoar. Hy hat foar it blêd de Moanne in stik skreaun oer Laaksum en de pine fan it ferline en oer it ûntstean fan 'lieu de mémoire' oftewol 'plak fan oantinken'. Wat him fernuveret, is dat dy geweldige feroaring fan sâlt nei swiet wetter mar sa'n bytsje wjerklank fûn hat yn de Fryske keunst en literatuer. Miskien bringt dizze ynspiraasjesafary der feroaring in.

www.moannefanitfryskeboek.nl

Vijversburg

Park Vijversburg wurdt yn 2013 en 2014 yngripend renoveard en útwreide. Foardat it op de skeppe giet, stiet it park oant 28 oktober nochris fol bylden. It tema is Narcissus, de mytologyske figuer dy't fereale waard op syn eigen spegelbyld. It wurk komt út it hiele lân en dêrmei is de útstrieling miskien beskiedener fan opset as yn it ferline, doe't de eksposysje ynternasjonaal wie. Byldhouwer Marco Goldenbeld fan Sint Jabik makke ek in byld foar Vijversburg. We sjogge yn syn atelier oan de Aldebiltdyk en hy nimt ús mei nei it park.

www.vijversburg.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)