K-rûte fan 24 oktober 2012

  • Fryske Muzykwike thúskonsert

De Kleine Keizer.

Jan van der Mast skreau in boek oer Gerrit Keizer, de man fan mar tachtich sentimeter grut, dy't begjin foarige ieu as "Smallest man of the word" oer de hiele wrâld reizge. It boek kaam út yn april fan dit jier, en krijt lanlik in protte oandacht. Der is sels ek al in liet oer "Tiny Keizer", útfierd troch Olmo van der Mast en Channa Degreef. K-rûte praat mei de skriuwer op lokaasje en siket nei de spoaren fan Gerrit Keizer op It Bilt. Jan lêst it boek foar oan frou Wiersman, omkesizzer fan de kleine keizer. Se is blyn en op jierren, mar noch sa skerp as in mes. Sy koe Keizer persoanlik en fertelt de skriuwer nije details oer syn haadpersoan. "De Kleine Keizer" is nominearre foar de Halewijnprijs 2012.

www.janvandermast.nl

Ronald Smink spilet Bonanza

De jonge kabaretier Ronald Smink fan De Jouwer is goed op dreef mei syn karriêre. Op it stuit spilet hy syn twadde solofoarstelling troch it hiele lân. It ferfolch fan Bor Knok, wêrmei hy syn trochbraak makke, hiet Bonanza. Blykber wienen de koffers fan Bor Knok noch net hielendal leech mei absurdistysk materiaal, want syn twadde programma sit ek wer fol mei rare, koarte ferhaaltsjes. Mar it giet allegear krekt wat flugger en mei mear enerzjy. Op de basisskoalle en yn syn studintelibben ûntstie de winsk om it poadium op te gean. Yn 2007 wûn hy sawol de publykspriis as de sjuerypriis op it Groninger Studenten Cabaret Festival.

It sukses liket stadichoan grutter te wurden. En dan sil Ronald ek noch tegearre wenje mei syn freondin yn Grins. It liket hast oft begjint syn libben serieuzer te wurden. Mar is dat ek sa? De K-rûte socht him thús op.

www.ronaldsmink.nl

Fryske Muzykwike

Dizze hjerstfakânsje is it wer Fryske Muzykwike by Omrop Fryslân. Yn dizze wike is der allinnich mar Frysktalige myzyk te hearren op 'e radio en wurde harkers en sjoggers aktyf belutsen by ferskate muzykprojekten.
K-rûte reizget mei op moandei 22 oktober, mei de Poster Coaster. Dejinge dy't de Fryske Muzykwikeposter foar it rút hingjen hat makket dizze dei kâns op in gratis thúskonsert fan Anneke Douwa, Piter Wilkens of De Hûnekop.

www.omropfryslan.nl/muzykwike

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)