K-rûte fan 24 april

Oranjekoeke

Oranjekoeke is in part fan de Fryske kultuer. Fotograaf Tryntsje Nauta makket, yn gearwurking mei Marijke van Ruiten, in ‘totaalbyld’ fan alle Fryske koeken. Sy giet mei har mobile fotostudio by alle 100 Fryske bakkers del dy’t noch sels oranjekoeke bakke. Ien spesifyk resept foar oranjekoeke is der net, dus der is in grut ferskaat. De fotorige jout in byld fan de ferskillen en de oerienkomsten en fan de tradysjes. En it leit dit kulinêr erfguod foar de takomst fêst. Sjoch ek: www.tryntsje.nl.

Film

Jonge filmmakkers hawwe meastal oan ambysjes en ynspiraasje gjin gebrek, mar wêr't sy wol gebrek oan hawwe, is jild. Ids Aalbers fan Ljouwert is sa’n filmmakker. Ferline jier studearre hy ôf oan de NHL en hy dreamt fan in moaie takomst as regisseur. Op it stuit wurket er oan syn science-fiction film 'Anathema'. In low-budget film oer in iensume soldaat mei ferlies fan it ûnthâld yn in apokalyptyske wrâld. Foar dit projekt, mei in soad special effects, filmen sy op lokaasjes yn Fryslân en yn de Belgyske stêd Charleroi.
Foar filmmakkers as Ids Aalbers, mei goede ideeën mar sûnder jild, is der tsjintwurdich in fenomeen dat 'crowdfunding' hjit. Fia de website 'Cinecrowd' fiert er op it stuit in kampanje om minsken entûsjast te krijen foar syn film, sadat sy it projekt finansjeel stypje. Hieltyd mear filmmakkers besykje sadwaande út de kosten te kommen en harren films te meitsjen.

Arsjitekt

Rein Hofstra fan Grou is bekend as arsjitekt fan bygelyks de lange fuotgongersbrêge yn Drachten en de beide tuorren by it Sjûkelân yn Frjentsjer, dêr't alle jierren de PC ferkeatst wurdt. Hofstra makket fan syn ûntwerpen earst makettes. Fan ein april ôf is der yn it Tsiispakhûs yn Wommels in oersjochtentoanstelling fan dizze makettes, mar der wurde ek foto's fan Hofstra's wurk útstald. Bysûnder, want it meitsjen fan makettes is sa stadichoan in útstjerrend fak wurden yn in tiid fan kompjûteranimaasjes.
Hofstra is ek in man dy’t in dúdlike miening hat oer de ynrjochting fan it Fryske lânskip en de Fryske stêden. Sa steane der yn Fryslân, neffens him, nochal wat steurende objekten yn it lânskip. Douwe Talma socht foar K-rûte Rein Hofstra op yn Wommels en spruts mei him oer syn fysje op ús lânskip, it meitsjen fan makettes en de eksposysje dy’t der oan komt. Sjoch ek: www.tsiispakhus.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)