K-rûte fan 23 jannewaris 2013

  • Teaterfoarstelling Probe

Yn K-rûte fan woansdei 23 jannewaris:
* toanielselskip Probe
* Titia Huisman
* Stilton

Probe
Fyftjin jier ferlyn troffen amateurtoanielspilers rûnom út Fryslân inoar op in toanielfestival. Wat soe it in aardichheid wêze, sa tochten sy, om ris mei oaren te spyljen en dan sels de stikken te betinken. En sa ûntstie it selskip Probe. Sy binne yntusken 27 ienakters fierder en spylje foar it earst in jûnfoljend jubileumstik: ‘Wa docht it ljocht út’, skreaun en regissearre troch Hans Brans. In stik oer jonge sechtigers dy't de lapen gear smite en tegearre yn in nij hûs âld wurde wolle. Mar is dat wol sa ynfâldich? K-rûte seach by de repetysje fan it stik dat kommend wykein yn de Skâns op ‘e Gordyk yn premjêre giet. En mei Elske Roorda, Lourens de Zee en Geart Bos, trije minsken fan de earste oere, seagen wy werom op 15 jier Probe.

Titia Huisman
Fierders yn K-rûte in portret fan aktrise Titia Huisman, dy’t har eigen coachingsbedriuw hat. Foar har bedriuw brûkt sy allegear kreative middels. Sy makket dokumintêres en spilet typkes op gearkomsten foar bedriuwen. Op 't heden is sy ek oan ‘e gong mei Theater Sneek foar it stik ‘Koartsluting’, oer begjinnende demintens, dat takom wike yn premjêre giet yn it nije teater.
http://www.modyne.nl/
http://www.teatersnits.nl/

Stilton: 11 singles yn in heal jier op Facebook
Yn K-rûte ek oandacht foar it akoestyske poptrio Stilton fan Ljouwert. De band wol yn in heal jier tiid alve singles útbringe op Facebook.
Stilton bestiet út trije krekt-fyftigers: Menno Bakker, Klaas van Leggelo en Hans van der Iest. Sûnt 2010 repetearje sy alle wiken yn in túnhúske dat de mannen leafdefol de Shed neame. It repertoire bestiet út eigen lieten, útfierd troch twa gitaren en mearstimmige sang yn bysûndere ritmes. Dy repetysjes leverje in soad materiaal op. Allinnich kinne sy gjin kar meitsje hokker liet in single wurdt, want alle nûmers binne harren even dierber. Foar dat probleem hawwe de muzikanten fan Stilton no dus in oplossing betocht, en sy dogge it quick and dirty. K-rûte is oanwêzich by de lansearring fan de earste single op it ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)