K-rûte fan 22 maaie 2013

In unike tentoanstelling fan Instagram fotoos yn de Blokhuispoort yn Ljouwert.
Maurice Toonen en Yvonne Mulder fûnen dat de fotografen fan social media Instagram wol ris in oar poadium fertsjinje.

www.blokhuisportal.nl

Johan van Aken is ien fan de keunstners dy't miskien oankocht wurdt troch it Fries Museum. It museum hat in wedstryd optúgd ter eare fan de iepening yn septimber. It publyk mei stimme hokker fan trije wurken, fan trije ferskillende keunstners, oankocht wurdt. Van Aken makket meast audiofisueel wurk. Sa ek syn wurk "Eachweid" dat yn de running is foar it museum.

www.johanvanaken.nl

In grutte tentoanstelling fan "Ovengevormd Glas" op De Jouwer. Hast sechtich keunstners út binnen- en bûtenlân litte wurk sjen fan dizze aparte disipline.

www.ovengevormdglas.nl

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)