K-rûte fan 21 novimber 2012

  • Wurk van Ids Wiersma

Fryske ympresjonisten.
Museum Drachten hat in tige súskesfolle tentoanstelling ôfsletten. It jier fan Thijs en Evert Rinsema. Op 10 novimber is in nije tentoanstelling iepene: De Fryske ympresjonisten. 'Ids Wiersma en Sierd Geertsma, Monet & Van Gogh van Friesland', is de titel. It is in oersichtstentoanstelling mei wurk fan de twa skilders dy't fan grutte ynfloed west ha op de Fryske skilderkeunst.
Wiersma (1878-1965) wie in echte ympresjonist en makke benammen lânskippen en portretten.
Geertsma (1996-1985) wurdt mear as neo-ympresjonist sjoen, hy hie in grut each foar de natuer.

www.museumdrachten.nl

Jan Dirk Ravesteijn.

Yn 1747 gie de lêste stedhâlder fan Ljouwert Willem Karel Hendrik Friso nei Den Haach om de monargy te rêden. Yn ien klap wie it Gouveneursplein leech, want hy naam de hiele famylje en de hofhâlding mei. Goed hûndert minsken wiene dat.
De Ljouwerter teatermakker Jan Dirk Ravensteijn fertelt yn it Stadhouderlijk Hof it ferhaal fan dy oare stedhâlder Willem Lodewijk van Nassau en syn frou Anna van Oranje, syn folle nicht. Jan Dirk makket al 25 jier teater yn Ljouwert. Hy pakt it tûk oan en kiest tema's dy't spesifyk foar de haadstêd binne. "Anna en ús Heit" giet yn premjêre op 25 novimber, de 425e houliksdei fan Willem Lodewijk en Anna.

www.vanravesteijnentertainment.nl

Paul van Dijk.
"Kening fan Juster" is it twadde jeugdboek fan Paul van Dijk en ferskynt ein dizze moanne. Paul is in multytalint. Sa makket hy jeugdteater, spilet yn bands en foar Kening fan Juster makke hy ek de yllustraasjes.
Troch de wike stiet Van Dijk foar de klasse, yn Warkum. Hy freget him ôf: Moat ik no ek keuzes meitsje?

www.paulvandijk.afuk.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)