K-rûte fan 19 septimber 2012

  • Toni Hafkenscheid  - Noorderlicht 2012

Fotomanifestaasje Noorderlicht is dit jier wer yn Fryslân te sjen. It wurk fan in parade oan ynternasjonale fotografen is te sjen oant 7 oktober. Tema dit jier is: Terra Cognita. De tentoanstelling toant de eigensinnige fisy fan fotografen op it lânskip. In tal topfotografen ljochtet yn de K-rûte har wurk ta.

www.noorderlicht.nl

BAK is dit jier it Fryske boekemoannegeskink. Sietse de Vries, sjoernalist fan de Ljouwerter Krante, is de auteur. Yn it ferhaal rekket in krantesjoernalist sels betize yn misdied en yntriizje. Wer reitsje fiksje en werklikheid elkoar yn dizze triller?
Op 14 septimber begjint mei it boekefeest de moanne fan it Fryske Boek.

www.moannefanitfryskeboek.nl

De Spylder yn Warns bestiet tsien jier.
De leechsteande grifformearde tsjerke fan it doarp is omtsjoene ta Doarpskultuerhûs, doetiids in bysûnder inisjatyf. Mar ek in kostbere ûndernimming, want tsien doarpsbewenners, werûnder musikus Hoite Pruiksma, hawwe der jild foar op it kleed brocht. Is De Spylder it klopjende hert wurden fan Warns?

www.despylder.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)