K-rûte fan 19 desimber 2012

Kleikoar.

Kinne jo ek fan dy minsken dy't allinnich mar kleie en fûterje? Oer it waar, it wurk, de polityk.
Stel jo no ris foar dat al dy minsken oer harren klachten en gemopper sjonge? Dan wurdt de wrâld in stik leuker, tochten twa Finske keunstners. Yn Helsinki ha se in kleikoar oprjochte en it konsept sloech oan. Sûnt dy tiid folgden in hiele soad oare stêden mei harren eigen Complaints Choir.
Fan 5 jannewaris ôf, is yn de Blokhúspoarte fan Ljouwert de tentoanstelling 'Social Sound', nei in idee fan it Ljouwerter keunstinisjatyf 'VHDG'. It kleikoar makket ûnderdiel út fan dit projekt en op it stuit binne der al 25 oanmeldings. Wêr binne dizze minsken sa ûntefreden oer en kinne je der moaie muzyk fan meitsje. Murkjaep van der Schaaf wie by de earste repetysje.

De lytse jonker fan Oranjewâld.

It is hast al in tradysje. Foar de tredde kear op rige wurdt der in krystmusical útfierd yn it Posthûs Teater op It Hearrenfean. Makke troch Rients Gratama en útfierd troch in mjuks fan profesjonels en amateurs. Earder al skreau Gratama 'Scrooge op de Fok' (2010) en 'Krystmerakels' (2011). De Lytse Jonker is in oersetting fan de Britske klassiker 'Little Lord Fauntleroy' út 1886 (yn it Nederlânsk bekend as 'De Kleine Lord'). De rol fan de Lytse Jonker wurdt spile troch de 11-jierrige Sijmen McDonald, sjongeres Elke de Wall makket har debút as aktrise. Dieuwke Kroese gie nei it Posthûs Teater.

Krystkuier troch Heechterp-Skieringen.

Op 21 en 22 desimber wurdt yn de Ljouwerter wyk Heechterp–Skieringen in eigentiidse ferzy fan it krystferhaal opfierd. Twa keunstners Henrike Gootjes en Marjan Beuker hiene it idee om it krystferhaal no ris út in hiel oar perspektyf te fertellen. “We hebben het verhaal rond de geboorte van Jezus opnieuw gelezen en ontdekten veel meer drama en spannende thema’s dan wat zichtbaar wordt bij de traditionele kerststal’ sa sizze de inisjatyfnimmers. In net ferfolle ferlangen om mem te wêzen, in gewelddiedige gangster-kening, muzikale ekstaze, swingende strjittejongeren en befalle yn in garaazjeboks binne tema's út it ferhaal dy't de basis foarmje foar fiif sênes. Piter Hettinga sjocht alfêst hoefier se yn de wyk binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)