K-rûte fan 18 oktober 2012

  • Saskia van Uylenbrugh

Se is berne yn Ljouwert, groeide dêr ek op, mar ferhuze letter nei Sint Anne. Rembrandt hat har faak portretteare. Yn it Historisch Centrum Leeuwarden binne tekeningen te sjen fan de master. Op sneon 13 oktober is in grutte Saskiafiering yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert, hichtepunt fan dit Saskia-400-jier.

www.saskia400.nl

Teatergroep Sult stiet bekend om de fernijende projekten op bysûndere plakken.
Ja ik wol! is ek sa'n. De foarstelling brûkt in brulloft as metafoar foar de gemeentlike weryndieling fan Súdwest-Fryslân. De ynteraktive foarstelling wurdt spile yn de trousealen fan de eardere gemeenten.

www.theatergroepsult.nl

It Fries Symfonie Orkest bestiet 50 jier.

It Fries Symfonie Orkest bestiet dit jier 50 jier. It orkest fiert dit mei in jubileumkonsert op snein 14 oktober yn De Lawei yn Drachten. Mei it koar fan it Collegium Vocale Fryslân en soliste Martine Straesser (alt) sille se ûnder oare it muzykstik The Music Makers fan Edward Elgar útfierje. Nei it optreden is der in reuny.

It symfonyorkest telt sa'n fjirtich foardere amateurmusisy út de regio, dy't harren talint fierder ûntwikkelje wolle en de resultaten by konserten foar publyk hearre litte. Meidwaan mei it orkest freget in soart oefentiid en trochsettingsfermogen fan de leden. De lêste twa jier is it orkest noch ambisjeuzer wurden en mei de nije dirigint Gerhart Drijvers út Alphen aan de Rijn sykje se nei stikken dy't ek it brede publyk oansprekke. Dus net allinnich keamermuzyk, mar ek arranzjminten fan lieten fan bygelyks Boudewijn de Groot en Ramses Shaffy.

Yn de K-rûte fertelt fioliste Marieke Holwerda fan Boalsert, yn it deistige libben dominy, oer it spyljen yn it Fries Symfonie Orkest.

www.friessymfonieorkest.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)