K-rûte fan 18 jannewaris 2012

Yn dizze K-rûte û.o.:
* Rispinge
* Pioneers Of Love op Noorderslach
* Trude van Assem
 
Rispinge
Doe't Joop Wittermans yn novimber 65 waard, krige er fan Bouke Oldenhof in toanielstik kado dat Bouke spesjaal foar him skreaun hie. It stik is basearre op in wier bard ferhaal. Willem Buitendijk beslút nei de dea fan syn frou dat er nei bejaardekompleks Rispinge wol. It liket him in wiis beslút om him ta te rieden op in fersoarge âlde dei. Mar as er der ien kear sit falt it him ôf. En dan kriget er ek noch in relaasje mei ien fan de ferpleechsters. De K-rûte gie nei ien fan de lêste try-outs en prate mei de makkers fan dit oansteklik lompe stik.
 
Pioneers Of Love
Guon bands hawwe samar sukses, oaren moatte der hurd foar wurkje. De Ljouwerter band Pioneers Of Love past mear yn dy lêste kategory. Se bestean al in skofke, mar sûnt ferline jier begjint it einlik goed te rinnen. Sa dienen se in eigen clubtour, spilen se op Edison Pop, hienen in Walhalla Hit op 3FM en no hawwe se it foar mekoar krigen om mei harren nûmer 'Fear Of Heights' Single Of The Week te wêzen op I-Tunes. Foar de dúdlikheid: dêrmei wurdt dyn nûmer troch I-Tunes oer de hiele wrâld in hiele wike lang yn de skynwerpers set en is fergees te downloaden. Koartsein: it giet dus goed mei dizze Fryske popband.
Dit wykein stean de Pioneers Of Love op it Eurosonic/Noorderslag festival yn Grins. It festival dêr't alle nije bandtalinten harren foar in grut publyk yn de skynwerpers sette kinne. Want sawat de hiele Nederlânske muzykwrâld stapt dêr rûn. Douwe Talma socht de band op, seach by in optreden fan de band en wie benijd hoe grut dizze band wurde kin.
www.8ballmusic.nl/pioneersoflove
 
Trude van Assem
'Perspektieven en Verwijzingen', sa hjit de tentoanstelling fan Trude van Assem yn museum Martena, yn Frjentsjer. Yn de Coba de Grootseal besiket se in goed lykwicht te finen tusken de romte en har wurk.
Van Assem wol graach dat har objekten, skulptueren en tekeningen droegen wurden troch it eigene fan de seal. Sa makke se in "hûske" foar de fjouwer gatten dy't dêr oan wjerskanten fan de skoarstienmantel sitte. (foto)
Foar de iepening bakt bakker Siesling fan Frjentsjer spesjale bôlen, want by Trude is alle foarm nijsgjirrich.
www.museummartena.nl
www.trudevanassem.nl
 

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)