K-rûte fan 17 april 2013

‘Alter’ fan Nynke Laverman yn 37 lannen útbrocht.

Dizze wike kaam der in nije cd fan Nynke Laverman út, yn mar leafst 37 lannen tagelyk! ‘Alter’, sa hjit it nije album dat sy makke mei de Spaanske gitarist en producer Javier Limón. In kombinaasje dy't sa op it earste gesicht kânsen biedt, want Limón hat mei syn wrâldmuzyk ferskate prizen wûn en Nynke wol de wrâld yn mei har muzyk. It nije album is opnaam yn Madrid en Weidum. Snein spilet Nynke yn it programma ‘Hemelbestormers’ op Radio 2. Yn maaie start sy mei in toer troch Nederlân en de rest fan de wrâld. K-rûte gie mei har nei Hilversum ta.

Gjalt Walstra by E.M. Galerie

Foar keunstner Gjalt Walstra (Ljouwert, 1941) definiearret de skilderkeunst himsels, as in feit oer de funksje. “Dêroer giet it skilderen”, seit er. No gean der mar ris foar sitten. Wa't bekend is mei syn wurk, kin him miskien wol wat foarstelle by sa'n útspraak, mar in leek rekket al gau it spoar folslein bjuster. Mar dêr komt K-rûte om 'e hoeke. Wat bedoelt hy te sizzen, wat wol hy ús sjen litte mei syn wurk en hoe moatte wy nei syn wurk sjen om tagong te krijen ta syn skilderijen? Want moai binne se seker, mar miskien is der noch mear te heljen. Walstra eksposearret op dit stuit syn wurk by E.M. Galerie yn Drachten. Anja Veenendaal kaam yn 'e kunde mei him yn syn atelier yn Hoarnstersweach.

Masterclasses yn Jazz 

Trije jazzdiva’s komme foar in rige masterclasses nei Fryslân ta foar it projekt 'My Voice In Jazz!'. It binne Floor van Zutphen (fokale coach fan de musicals Rent en The Lion King en eks-sjongeres fan Herman Brood), Francien van Tuinen en Carolina Mout (aktrise yn ûnder oaren produksjes fan Joop van den Ende en voice-over (û.o. Vodafone)). Kandidaten dy't yn oanmerking komme woene foar sa'n masterclass koene in audysjetape ynstjoere. De seleksje hat yntusken plakfûn en de masterclasses kinne begjinne. K-rûte sil kommende sneon (13 spril) nei Snits ta. Paul Horjus is ien fan de dielnimmers oan dy masterclasses en sil les krije fan Floor van Zutphen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)