K-rûte fan 16 jannewaris 2013

  • Isabella van Keulen

Yn dizze K-rûte:
* Masterclasses fan Isabella van Keulen
* Eurosonic/Noorderslag
* Ate Grijpstra

Masterclasses fan Isabella van Keulen
It wykein fan 11, 12 en 13 jannewaris stiet it Posthuistheater op It Hearrenfean yn it teken fan top-fioeliste Isabelle van Keulen. Ek bekend as sjuerylid fan it programma Maestro. Twa dagen lang leart sy jong talint de kneepkes fan it fak yn in masterclass. En op snein skitteret sy yn it konsert 'Together', dat sy sels gearstalde. Dêryn spilet sy ûnder oaren mei selliste Pamela Smits. Dy âld-ynwenner fan It Hearrenfean organisearre dat bysûndere wykein. K-rûte sjocht freed by de masterclass. Ien fan de fjouwer talinten op dy dei is de 18-jierrige Lyanne van Westen fan Drachten.

Eurosonic/Noorderslag en Audio Adam
Ien kear yn it jier is Grins de spannendste muzykhaadstêd fan Nederlân: yn jannewaris, mei it Eurosonic/Noorderslag Festival. En krekt út dy stêd komt Audio Adam, in band dy't op dit stuit de bêste papieren hat foar in glorieuze takomst. Ferline jier waard de band troch 3FM oanwiisd as Serious Talent en op 2 novimber presintearren sy harren debútalbum yn DWDD. Harren sound wurdt omskreaun as ‘’catchy popliedjes, in mix fan Gavin deGraw, Keane of Snow Patrol”. Mei omdat twa leden fan dizze fantastyske band út Fryslân komme, is K-rûte by harren optreden op Noorderslag.

Ate Grijpstra
Dit jier sil der in game útkomme oer Grutte Pier, de Kimswerter frijheidsstrider mei syn grutte swurd. Yn novimber 2012 kaam it boek ‘Krús fan de Hollanner’ út fan de 39 jierrige Ate Grijpstra út Bûtenpost, oer deselde Pier. Mar wa is Ate Grijpstra? Twa jier lyn kaam der ek al in thriller fan him op de merk ‘It beest fan de Westereen’ en hy skreau ek al ris in stik as wat jeugd- en berneboeken. Wat wy fan him witte, is dat er ek noch aktyf is as doarpsdichter en muzikant. Douwe Talma makke in ôfspraak mei dizze kreative tûzenpoat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)