K-rûte fan 14 novimber 2012

  • Twee tijgers -  Jan van der Kooi

Jan van der Kooi.
Keunstner Jan van der Kooi hat in eksposysje yn it Dordrechts Museum. "Leonardo's leerling" hjit de tentoanstelling fan syn tekeningen, want Van der Kooi fielt himself skatplichtich oan Leonardo da Vinci. De keunstner út Burgum wie altyd al in goed ferkeapjend skilder en tekener. Syn libben lang al wurdt hy beynfloede troch it wurk fan de âlde Italiaanske master, mar de lêste jierren in it tekenjen hyltyd belangriker wurden. Mei namme syn bistestúdzjes wurde troch de kenners bysûnder fûn en fan tige hege kwaliteit.
De tentoanstelling yn Dordrecht rint fan 10 novimber oant 28 april.

www.janvanderkooi.nl

Frysk Sjongersgala.
Fjouwer Fryske yn it sâlt bebiten artysten komme mei in eigen jûn, op eigen inisjatyf. Anneke Douma, Gryt Wiersma, Gurbe Douwstra en Piter Wilkens trede op freed 16 novimber op, mei twa relatyf nijkommers yn it fak : Gerbrich van Dekken en Marcel Smit.
De K-rûte is by de repetysje, benammen om te sjen hoe't de âlde rotten duetten sjonge sille mei de jongere garde.

Andante.
Amusementsorkest Andante bestiet 100 jier. Fier foar de tiid fan disko's en popmuzyk soargen amusementsorkesten op dûnsjûnen derfoar dat de fuotsjes fan de flier kamen. Yn de jierren '20 en '30 tilde it yn Fryslân op fan sokke orkesten. No is der noch mar in inkeld orkest oer. Amusementsorkest Andante út Boalsert is dêr ien fan. It is in allroundorkest dat besiket de kwaliteit heech te hâlden. Dit jier is harren 100-jierrich jubileum. Op sneon 10 novimber jouwe se in jubileumkonsert op it Marne College yn Boalsert. Lykwols is harren jongste lid al yn de 40, dus hoe sjocht de takomst fan dit orkest derút?

www.andante-bolsward.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)