K-rûte fan 14 maart 2012

Yn dizze K-rûte û.o.:
* Paul Panhuysen krijt Gerrit Bennerpriis
* Njambi Atema
* José Witteveen in de Straat yn Fries Museum
 
Paul Panhuysen
Noch foar de simmer krijt keunstner Paul Panhuysen de Gerrit Bennerpriis útrikt. Dat is de twajierlikse priis fan de Provinsje Fryslân foar byldzjende keunst. Panhuysen wennet yn Eindhoven, mar wie fan 1963 oant en mei 1965 direkteur fan de Vredeman de Vries Keunstakademy yn Ljouwert. Hy skodde it Fryske keunstlibben doe goed trochelkoar en dat soarge foar in grut konflikt tusken de doetiidske keunstners en de jongere garde. Panhuysen stopte yn 1964 as direkteur mar waard dêrnei wol de spil fan de saneamde Bende van de Blauwe Hand. In keunstnerskollektyf dy spraakmeitsjende tentoanstellings organisearre.
Douwe Talma siket Panhuysen op yn Eindhoven en sjocht werom nei dy bysûndere sechstiger jierren, mar is ek benijd nei alles wat dizze byldzjende keunstner op dit stuit makket.
www.paulpanhuysen.com
 
Mei sjongeres Njambi Atema op paad
Sjongt se jazz, funk, soul, r&b? Yn alle gefallen swingt de muzyk fan sjongeres Njambi Atema en har band ''Njambi'' de panne út. Njambi Atema komt fan Bitgummole, wennet op it stuit yn Utrecht dêr't se konservatoarium dien hat, en treedt no mei har band op troch it hiele lân. Se hat ek net de earste de bêste muzikanten om har hinne. De band is yn 2011 oprjochte troch Njambi en toetsenist Rik Dijkman. Sy koenen elkoar noch fan de band Changes, dy’t net mear bestiet. Rik skriuwt de muzyk, dy’t perfekt past by it soul-stim fan Njambi. De band wie lêsten te gast yn de studio fan it radioprogramma Noardewyn fan Omrop Fryslân. De K-rûte makket der televyzjeopnamen en giet mei Njambi nei Bitgummole, dêr’t se opgroeide en har Keniaanske mem har nei muzyk hearre liet wêrtroch't se ynspirearre rekke.
 
José Witteveen
José Witteveen (30) fan Ljouwert hat op dit stuit in eigen tentoanstelling yn it Fries Museum. Dêr hingje 38 wurken yn de tunnel tusken de twa histoaryske gebouwen. José makket benammen etsen. In probleem is dat sy har kulturele libben net wis is, omdat it plak dêr't se wurket - it grafysk atelier - miskien ophâldt te bestean. Dat soe betsjutte dat tal fan grafyske keunstners de Kulturele Haadstêd yn spee ferlitte moatte.
José Witteveen leit in relaasje tusken it hillige en de deistich libben, sa is te sjen yn har ikoanen. Ek bisten spylje in grutte rol yn har tinken en wurkjen.
www.josewitteveen.nl

Diel dit berjocht op:
 K-rûte

K-rûte

K-rûte is it keunst- en kultuerprogramma fan Omrop Fryslân Televyzje. Dizze wike is K-Rûte op Oerol!!
(advertinsje)