K-rûte fan 13 febrewaris 2013

  • Tilleke Schwarz

Tilleke Schwarz oer bordueren, twitterje op doeken en Joadske humor.
Yn it Karmelkleaster fan Drachten wennen fan 1936 oant 1993 nonnen. Ien fan de favorite aktiviteiten fan dizze saneamde 'Ongeschoeide Karmelietessen' wie it meitsjen fan hânwurk. Dit jier is it 20 jier ferlyn dat de lêste nonnen it kleaster ferlieten en om dat te markearjen, betocht it kleaster de eksposysje Stitch! In eksposysje mei hânwurken fan ynternasjonaal ferneamde hânwurkers, ta eare fan de hânwurkjende nonnen. Ien fan de Nederlânske hânwurkkeunstners dy’t yn Drachten te sjen is, is Tilleke Schwarz. Sy wennet yn it Súd-Hollânske Pijnacker, mar hat in spesjale bân mei Drachten en omkriten. Schwarz, berne yn 1946, wie der miskien net west as har Joadske âlders net, yn Hurdegaryp en Burgum, by Fryske famyljes ûnderdûkt sitten hienen. Dat spilet fansels in rol yn har wurk, dat ûnder oaren yn New York en Japan te sjen wie en dêr’t sy ynternasjonale prizen mei wûn hat. Sels neamt sy it 'fisuele poëzy'. Fleurige kollaazjes mei in soad humor.

Thriller oer pesten fan nij teaterselskip.
WIG Produkties, is in nij teaterselskip ûnder lieding fan Hans van Buuren. Op 22, 23 en 24 febrewaris bringt it selskip harren earste stik 'Snode Plannen' op de planken yn ‘De vertakking’ yn Ryptsjerk. In teaterthriller mei as eftergrûn it (cyber)pesten. In ûnderwerp dat de lêste tiid nochal yn de skynwerpers stiet. It stik is skreaun troch de regisseur Van Buuren sels en giet oer in tirannyk famkesklupke dat it libben fan mei-learlingen en leararen ferrekte soer makket. Nei de middelbere skoaltiid ferlieze sy mekoar út it each omdat sy elk nei in oare stêd ferhúzje en in eigen stúdzje kieze. Mar troch in frjemd tafal komme sy elkoar in pear jier letter dochs wer tsjin. En net yn de moaiste omstannichheden.

Ymprovisearje mei dûmny, trûbadoer, keunstner en god.
Adriaan Groffen, Douwe Dijkstra en Laurens van der Meulen foarmje mei syn trijen it kollektyf Heksenhamer. Yn gearwurking mei de Popfabryk en De Harmonie organisearje sy trije ymprovisaasje-sesjes en snein 10 febrewaris is de ôftraap. De earste hat it tema religy. Gasten binne Pim van de Werken, producer en muzikant in ‘Eins, Zwei Orchestra’, Jan Ketelaar, dichter en keunstner, Richard Santinge, foargonger fan de frije baptisten gemeente De Wijngaard, Gerrit van der Scheer, muzikant yn Herrek, en ta beslút Emiel Joormann, keunstner en trûbadoer, hy is ek bekend as ‘Willy Darktrousers’.
 
Heksenhamer sil ek in foarstelling jaan: 'Dienst voor de broer van God'. Dat is in muzikale teaterfoarstelling yn ‘e foarm fan in tsjerketsjinst. De foarstelling is makke troch Douwe Dijkstra en gie earder yn premjêre op earste pinksterdei 2012.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)