K-rûte fan 12 septimber 2012

  • Hebeca

Eerste K-rûte útstjoering yn dit nije kulturele seizoen.
Mei fernijde foarmjouwing!
Yn septimber kin it noch, teater bûtendoar:
We binne by de premjêre fan HEBECA, de grutte lokaasjefoarstelling yn Jistrum. In ambisjeus projekt fan de jonge Dirk Bruinsma.
De cowboys fan Jorwert binne al healwei mei de rige foarstellings fan "De Goede, de Minne en de Lillike".
En Donkerbroek wurket manmachtich oan de premjêre op 13 septimber fan "Freonskip, Leafde en Bruorskip", in stik fan Jorwerter regisseur Tjerk Kooistra.
Ek pakke we de fyts yn de Súdwesthoeke, om te praten mei keunstners dy't dêr wurk makke ha by biologyske boeren. "Kunst bij de Boer."

www.hebeca.nl
www.iepenloftspuljorwert.nl
www.iepenloftdonkerbroek.nl
www.kunstbijdeboer.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)