K-rûte fan 12 desimber 2012

Billy the Kid
Lourens van den Akker en Jeek ten Velden regissearje tegearre de nije foarstelling fan de Meeuw / Jeugdteaterskoalle Billy the Kid. Billy the Kid hat al faak ûnderwerp west foar keunstners. Oer de jonge westernheld binne spylfilms makke en sels yn de strip Lucky Luke komt er foar. Beide regisseurs kinne mei it gegeven alle kanten op, want fan Billy witte sy eins allinne dat er op syn 12e syn earste moard begie en sels op syn 21e fermoarde waard. Fan de sân spilers spylje fiif Billy The Kid. Hoe beide regisseurs soks krekt yn ‘e holle hawwe, is te sjen yn de reportaazje.

Hille Stellingwerf
Goed nijs foar minsken dy't de measte popmuzyk te hurd, te wyld en te rûch fine: Hille Stellingwerf fan Wytmarsum. As singer-songwriter makket Hille muzyk dy't better yn it gehoar leit as de measte muzyk dy't deis út de radio knetteret. Yn 2010 waard er, wilens de Kleine Prijs van Friesland, al útroppen ta bêste sjonger en gitarist fan de provinsje Fryslân en yn 2011 stie er ek al yn de Melkweg yn Amsterdam. Dit jier dus wer en hy is 'gebrand'. K-rûte folget him by in optreden yn teater Romein en by de finale fan de Grote Prijs van Nederland yn Amsterdam.

25 jier Friesland Pop
Friesland Pop is der foar de Fryske muzikant en de muzikale ynfrastruktuer. In oerkoepeljende organisaasje dy’t him de ôfrûne 25 jier ynsetten hat foar de Fryske muzyk. Bekende inisjativen fan dizze popkoepel binne: Freesonica, D'Drive, Freeze, Kleine Prijs fan Fryslân en it Frozenland festival. Dit jier is it feest: Friesland Pop fiert syn 25-jierrich jubileum ûnder oaren mei in grut jubileumfestival op sneontejûn 8 desimber yn de Harmonie.
It bysûndere fan Friesland Pop is dat sy mei in soad sukses yn de ôfrûne jierren stadichoan groeid binne. Want fergelykbere ynstânsjes yn oare provinsjes binne fuortfallen. Mei Amsterdam en Rotterdam jildt Friesland Pop as ien fan de grutste en suksesfolste selsstannige popkoepels fan Nederlân.
Douwe Talma ûndersiket foar K-rûte wat it geheim is fan it sukses fan Friesland Pop, mar sjocht ek foarút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)