K-rûte fan 10 oktober 2012

  • Eelco Venema as "Omke Wanja" fan Tryater

Dizze wike yn K-rûte:
Tryater mei "Omke Wanja"
Tsjoch-festival
Erfguodedukaasje

Tryater:
Yn de K-rûte prate we mei Eelco Venema en Nynke Heeg fan Tryater oer "Omke Wanja" fan Tsjechov. Eelco spilet Omke Wanja en Nynke spilet Helena. Sy is de moaie jonge frou, dy't út de stêd wei op 'e bûtenpleats fan Ivan (Wanja) komt, mei har folle âldere man "de professor", spile troch Jan Arendz. Troch har komst rekket alles yn ûnstjoer. Ira Judkovskaja, artistyk lieder fan Tryater, regissearret de foarstelling. It sprekt hast fanself dat sy Tsjechov tige tagedien is. Yn har fisy giet it stik oer lokkich wêze. Sit dat lok yn langstme of sit it yn it wêzen?

Tsjoch-festival:
Sneon 6 oktober is de 35e edysje fan it Tsjoch-festival. It festival foar folkmuzykleafhawwers yn Fryslân. It festival is dit jier foar it earst yn Wommels, yn stee fan De Lawei yn Drachten. Tsjoch wie yn de earste jierren tige populêr en luts mei gemak in pear tûzen besikers. Lykwols rûn de publike belangstelling yn de ôfrûne jierren fier werom: nei sels mar krekt mear as 200 beteljende besikers. Hoe sit it by Tsjoch 2012? Slacht folkmuzyk yn Fryslân noch wol oan? En hoe stiet it eins mei de Fryske folk? Douwe Talma gie nei Wommels en socht it út.

Erfguodedukaasje:
Erfguodedukaasje is hot, liket it. Keunstwurk skreau in wedstriid út foar it bêste projekt yn it basisûnderwiis en kin no kieze út fyftjin projekten.
TOFmedia út Grins is ien fan de kânshawwers mei "Vroeger Dichtbij". Skoallebern sykje antwurden op fragen oer it ferline út harren direkte omjouwing. Se ynterviewe âlderen, meitsje foto's en in animaasjefilm. Aad Levwerd filme fjouwer Ljouwerter ambachtsmannen en wit dy filmkes tûk ûnder de oandacht fan jongeren te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)