K-rûte fan 10 april 2013

Astrid Reitsema en Oarlochstriennen

Fan takom wike tiisdei ôf giet de teaterfoarstelling ‘Oarlochstriennen’ op toernee troch Fryslân. Oarlochstriennen is it ferhaal fan trije froulju út it Fryske ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. Ien fan dy froulju wurdt spile troch aktrise Astrid Reitsema. De oare twa rollen binne foar Tet Rozendal en Marijke Geertsma. Astrid is in nijsgjirrige aktrise dêr't wy in skoft neat fan heard hawwe. Dochs hat sy genôch dien. Sy wie jierren aktyf op toaniel, mar ek yn film en op televyzje. En no is sy der ynienen wer, yn Oarlochstriennen. Douwe Talma makke in ôfspraak mei har.

Aventoerlik ite

Jo sitte te iten en tagelyk binne jo ek ûnderdiel fan in teatersjo. De ien fynt it freeslik en de oar fynt in machtich. Spannend is it yn alle gefallen, want jo witte nea wat der bart op it momint dat je de lêste leppel sop nei binnen wurkje. ‘SPOONK up-your-life Dinner Show’ is in teaterdiner fan byldzjend keunstner en teatermakker Caro Kroon. Jou jo op en nim plak oan in grutte tafel yn har atelier. It iten wurdt servearre út in omboude Mercedesbus. Jo bedarje automatysk yn it ferhaal fan in bysûndere sirkusfamylje dy't gefaarlike trapeze-acts op it menu stean hat. K-rûte waard útnoege om mei te iten.

Euf Lindeboom

Skilderes Euf Lindeboom (1947) wennet al sûnt 2004 net mear yn Ljouwert, mar keunstleafhawwers yn Fryslân hawwe har net fergetten. Tegearre mei har man, skriuwer Kees 't Hart, wennet en wurket sy yn Den Haach. De kommende seis wiken hat Euf in tentoanstelling by galery 'De Roos van Tudor' op 'e Iewal yn Ljouwert. Euf skilderet en makket gedichten. Evert van den Berg socht har op yn har atelier yn Den Haach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)