K-rûte fan 9 novimber 2011

Yn dizze K-rûte:
* Boek oer Sjoerd de Vries
* Noordelijk Film Festival
* Fryske Keunstners op Biënale yn Florence
* Jehan Alainfestival op oargel
 
Boek oer de skilder Sjoerd de Vries
De skilder Sjoerd de Vries wurdt nije wike woansdei 70 jier. Yn museum Belvédère wurdt dan it boek “Sjoerd, een verhaal zonder eind” presentearre.
Willem Winters wie oan't 1984 befreone mei de skilder en makke tusken 1975 en 1984 geregeldwei oantekeningen fan harren moetings. Se beskriuwe net allinnich Sjoerd syn depresjes, dronkenskippen en ruziesikerijen, mar ek hoe't de keunstner syn wurk makke. 25 jier hawwe de mannen net meimekoar praat, omdat se yn 1984 rûzje krigen. Mar doe't in freondinne Willem frege hoelang't er noch fan doel wie dermei troch te gean, waard de tillefoan pakt en yn twa tellen wer freonskip sletten. Albert Jensma socht de beide mannen op.
 
Nanouk Leopold op it Noordelijk Film Festival
Fan 9 oant 13 novimber binne der wer in protte films en dokumintêres te sjen op it Noordelijk Filmfestival yn Ljouwert. Ien fan de films dy’t op it festival draait is Brownian Movement fan regisseur en senarioskriuwster Nanouk Leopold. De film hat net allinnich twa Gouden Kalveren wûn, hy hat yn Ljouwert ek de Award for Special Contribution to Northern Cinema krigen. Neffens Rik Vermeulen, programmeur fan it festival krijt Nanouk Leopold dy priis, omdat se in folslein eigen artistyk plak yn Nederlân ôftwongen hat. Vermeulen hat de film by it tema Wij Noordelingen programearre. Anja Veenendaal makke in ofspraak mei de filmregisseur en wol witte hoe't se har films makket en wêrtroch dy noardlike sinema sa oars is as oare films.
http://noordelijkfilmfestival.nl/
 
Fryske keunstners op de Biënale fan Florence
Fan 3 oant 11 desimber is yn Florence (Itaalje) de Biënnale. Ien fan de gruttere keunstbeursen fan Europa mei wurk fan rom 700 keunstners út de hiele wrâld.
Foar in selekt groepke Fryske keunstners in moaie kâns om harren wurk oan in ynternasjonaal publyk sjen te litten. Murk Jaep van der Schaaf socht twa fan de dielnimmers op yn harren atelier. De skilder Evert Meilink fan Bûtenpost en byldhouwster Ruth Vulto Gaube fan Workum. Wat binne harren ferwachtings fan dizze Biënnale en wat wolle sy meinimme en dêr sjen litte? En wat no krekt net?
http://www.evertmeilink.nl/
http://www.ruthvultogaube.nl/
 
Jehan Alainfestival
Yn Ljouwert wurdt dit wykein yn it ramt fan it Ljouwerter Oargel Festival wurk fan Jehan Alain útfiert. Alain hearde ta de absolute top fan de yn de 20e ieu komponearre oargelmuzyk. De K-rûte giet nei ien fan de konserten en praat mei in Alain-spesjalist.
http://www.orgelleeuw.nl/

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)