K-rûte fan 9 maaie 2012

Yn dizze K-rûte:
* Liet 2012
* Theun Plantinga
* 'Als de dag aanbreekt'
 
Liet 2012
Liet, it Fryske sjongfestival, giet foar it twadde jier bûtendoar. It bestjoer hopet dit kear as ûnderdiel fan it Befrijingsfestival in nagelnij publyk oan te lûken. Alve dielnimmers besykje tusken 6 en 8 oere jûns yn de Prinsetún yn Ljouwert de sjuery te oertsjûgjen dat harren nûmer it bêste is. Ek is der dit jier wer in publykspriis. Omrop Fryslân registrearret it festival en yn dizze K-rûte is dêr al wat fan te sjen. Dêryn ek de reaksje fan winners en ferliezers en ferslachjouwer Sjoerd IJbema is fansels benijd of de nije opset fan dit festival ek in oar publyk lûkt.
 
Theun Plantinga
Op sneon 12 maaie giet yn De Harmonie yn Ljouwert de solofoarstelling Grutte Jonge fan Theun Plantinga yn premjêre. Yn Amsterdam is Grutte Jonge al op 7 april yn premjêre gien mar foar it Fryske publyk wurdt dat nochris oerdien yn Ljouwert.
Theun sit 10 jier yn in teaterfak en fiert dat mei dizze foarstelling dy't foar in grut part oer himself giet. Hy is noch mar 28 jier, mar in hertstochtlik teatermakker dy't yn syn jonge libben al in soad by de ein hân hat. Hy kin akteare, sjonge en dûnsje. De fraach is as er echt klear is foar it solowurk, want dat is dochs wer hiel wat oars as mei in ploech spylje. Hy knypt him dan ek dat er der no allinnich foar stiet, mar tagelyk is hy ek nijsgjirrich nei hoe't er it der allegearre ôfbringe sil.
De K-rûte gie nei in try-out fan Theuns earste solofoarstelling yn Café Restaurant Duke Luk yn Feanwâldsterwâl. In thúswedstryd want Theun groeide op yn Feanwâlden.
 
"Als de dag aanbreekt"
"Als de dag aanbreekt" is de DDrive ôfstudearfoarstelling fan Loessanne Boomsma.
De skieding fan har âlders is it ûnderwerp fan dizze muzikale foarstelling. In tema, dat neffens Loesanne noch net safolle foarby komt, fanút it perspektyf fan de bern. De foarstelling wurdt opfierd yn in âld pleats yn Itens, want it meitsjen fan in totaalkonsept heart by de easken fan de oplieding DDrive artiest. Ek heit en mem komme te sjen nei it stik fan harren dochter en fine dat bêst spannend. Loesanne rûn staazje by Wende Snijders en dy wie wakker entûsjast oer dizze jonge teatermakster út Fryslân.
www.alsdedagaanbreekt.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)