K-rûte fan 29 febrewaris 2012

Gerrit de Wilde
Bert de Turck is biograaf en wennet yn 'e buert fan Nijmegen. Tiisdei 28 febrewaris presintearret hy it boek 'De wilde weg' by Tresoar. Dat is in biografy oer byldzjend keunstner Gerrit de Wilde (70) fan Makkum. Bysûnder is dat De Turck 2,5 jier oan dy biografy wurke hat op syn eigen kosten. Hy skreau earder al sa'n 10 oare biografyen yn opdracht, mar woe dizze hiel graach dwaan omdat er in grut samler is fan de keunstwurken fan Gerrit de Wilde. Foardat it boek offisjeel presintearre wurdt foar it grutte publyk, wie de K-rûte derby doe't De Wilde syn eigen biografy foar it earst te sjen krige yn Makkum. In portret oer de skriuwer, de byldzjend keunstner en fansels it boek!
 
De Menisten
Yn Tresoar, de skatkeamer fan de Fryske histoarje en de literatuer, binne 3 tentoanstellings te sjen oer de Menisten.
Fryslân nimt yn it bewustwêzen fan de doperske beweging wrâldwiid in bysûnder plak yn, om't hjir Menno Simons de tsjerkeherfoarmer weikaam. De saneamde "martelaarsspegels", boeken dêr't de tsjûgenissen fan de wrede ferfolgings fan de menisten yn optekene stean, binne te sjen yn de tentoanstelling. Foar ús miskien gewoan âlde boeken, foar de Mennoniten yn Pennsylvania emosjonearjende literatuer. De eksposysje is opboud yn de foarm fan in skûltsjerkje, om't de menisten net sichtber har leauwen belije mochten. Twa oare eksposysjes dy't ek al troch it lân reizge ha, binne hjir ek te sjen. "Doopsgezind mijn passie", mei foto's fan hast alle menistegemeentes yn Nederlân en in samling saken dy't te krijen ha mei de diaspora fan de menisten oer de wrâld.
 
Hotze Jelsma
Akkordeondosint en dirigint fan ferskate orkesten Hotze Jelsma fan Oerterp fiert syn 40-jierrige jubileum by it sintrum foar de keunsten Meldij yn Drachten. Neffens direkteur Meindert Bosklopper fan Meldij is Jelsma net allinnich in dosint mei in passy, mar ek in grut promotor foar de akkordeonmuzyk yn Fryslân. Jelsma begeliedt twa wrâldmuzykgroepen, in akkordeonorkest en Het Volwassen Orkest. Hy skriuwt en arranzjearret foar útjouwerij De Haske muzykstikken yn alderhanne stilen foar akkordeon, en hat jierrenlang aktyf lid west fan it ferneamde Brouwers Accordeon Orkest. Ferline wike joegen al syn orkesten in konsert om syn jubileum te fieren. Mar hy hat ek aktiviteiten derneist. Omdat de akkordeon as ynstrumint hieltyd mear bespile wurdt oer de hiele wrâld, sammelet hy autentike meldijen út oare lannen. Dy muzyk bewurket er dan wer foar syn eigen orkesten. Yn de K-rûte lit er sjen hoe’t dat yn de praktyk wurket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)