K-rûte fan 28 maart 2012

Dizze wike yn K-rûte û.o.:
* In God We Trust fan 'n Meeuw
* 'Groen Geluk' tentoanstelling oer planten op keramyk yn Princessehof
* Tentoanstelling Siebe ten Cate yn Scheepvaartmuseum yn Snits
 
In God We Trust
Ha jo wol ris in 'roadtrip' yn it nachtlik libben fan Hannover belibbe? En hat dat jo doe oars nei de wrâld sjen litten? As dit tafallich noch op jo ferlanglistje stiet dan krije jo no de kâns troch it teaterstik 'In God We Trust'. In stik fan akteur Lourens van den Akker (Dankert&Dankert, De Hel van '63) en regisseur Jeek ten Velden. Twa freonen dy't mekoar kenne troch de toanielskoalle fan Maastricht en no dus harren krêften bundele hawwe yn gearwurking mei Jeugdteaterskoalle 'n Meeuw, dêr't de woartels fan Lourens lizze. En net sûnder resultaat want de parse sprekt, oant no ta, fol lof fan it stik wêryn in jonge Amerikaanske mormoan in nije wrâld ûntdekt. In saneamd 'coming-of-age' ferhaal oer in opgroeiende jonge dy't der efter komt dat de wrâld minder swart-wyt is as hy tocht.
 
Groen Geluk
Dizze tentoanstelling yn it Keramyk Museum Princessehof toant grien gelok, fan lusthôf oant folkstún mei tunen út ferskate ieuwen dy't it dekôr foarmje foar keramyk mei in grien tintsje. Annet Huisman gie foar K-rûte mei túnekspert Romke van der Kaa oer de eksposysje. De eksposysje rint fan 25 maart o/m 28 oktober 2012.
www.princessehof.nl/
 
Sieb Johannes ten Cate
Yn it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits is sûnt 18 febrewaris in tentoanstelling oer skilder-ympresjonist Siebe Johannes ten Cate (1858 - 1908) te sjen. Hy wie troch it publyk wat ferjitten yn Nederlân, mar net yn bygelyks Frankryk. Dêr hinget wurk fan him yn it Musée du Louvre en het Musée Carnavalet. Yn K-rûte in reportaazje oer him, syn hjoeddeistige famylje en oer in samler út Zwolle. Vincent van Gogh omskriuwt him yn ien fan syn brieven as "zeer netjes geheel in 't zwart laken gekleed". It wurk fan Ten Cate is wat mankelyk en hat in iensume sfear. Hy krige syn oplieding yn Amsterdam en Antwerpen en ferhuze op syn 22-ste nei Paris. Yn de eksposysje wurdt mei grutskens wurken toand út de kolleksje fan it Musée Carnavalet en fan in pear samlers yn Paris. Dêrneist in protte wurken fan Hollânske samlers en keunsthannelers. In belangryk plak is der ek foar sketsen, dokuminten, foto's en oar materiaal ta oantinken oan it libben fan in Snitser ympresjonist yn Paris.
De tentoanstelling rint oant 13 maaie.
www.friesscheepvaartmuseum.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)