K-rûte fan 25 april 2012

Yn dizze K-rûte:
* Peter Hoving, kameraman en Fries om utens
* “Etui, sûkerpotsje, grot, stoartgat, sneedpraatsjes” en "Mea Vulva/Mooi Kut"
* Restauraasjeprojekt Fries Museum
 
Peter Hoving, kameraman en Fries om utens
Peter Hoving emigrearre yn 1952 mei syn âlders fanút Drachten nei Amearika. Hy waard kameraman yn Boston en reizge de hiele wrâld oer om filmopnamen te meitsjen foar in wittenskips- en natoerprogramma op de Amerikaanske tillevyzje. Mar sa no en dan kaam hy werom nei Fryslân en naam dan altyd syn kamera mei. Yn 1970 makke hy in film wêrby't Marrum (it doarp dêr't syn frou Maaike fuortkomt) model stie foar It Fryske doarp sa as hy dat seach. Ek makke Hoving in filmysk portret fan syn pake en beppe út de Wilp. Beide films wienen yn Amearika op tillevyzje te sjen en waarden fertoand op filmfestivals yn New York en Edinburgh. Dizze wiken is Peter Hoving wer yn Fryslân en útfanhûzet by syn skoansuster yn Ljouwert. En ek no hat er syn kamera al wer yn 'e oanslach. Hy kin it net litte en filmet op 'e nij yn Marrum. Gewoan omdat er it leuk fynt. En alles wat him foar de fuotten komt. Wat it fierder wurdt, sjocht er wol. Albert Jensma gie in dei mei him op stap.
 
“Etui, sûkerpotsje, grot, stoartgat, sneedpraatsjes” en "Mea Vulva/Mooi Kut"
In pear jier lyn wie der ynienen it toanielstik “De Vaginamonologen”. Ferhalen fan froulju dy't in oade bringe oan har geslachtsdiel. Dat makke doe de tongen flink los, ek yn Fryslân. Teatergroep Sterke Froulju út Tytsjerk komt no mei in bewurke ferzje op 'e proppen. Under de namme “Etui, sûkerpotsje, grot, stoartgat, sneedpraatsjes” hawwe de fiif froulju hiel wat te fertellen. Tagelyk is der ek de eksposysje "Mea Vulva/Mooi Kut" yn de Blokhûspoarte. In rûnreizgjende eksposysje fan skilder- en byldhoukeunst oer de fagina, makke troch keunstners út België, Dútslân en Nederlân. Dizze tentoanstelling is in oade oan de fagina en bekommentariearret famkesbesnijenis, kosmetyske korreksjes fan de 'vulva' en prostitúsje. Douwe Talma sjocht by Sterke Froulju yn de Blokhûspoarte en is benijd wat foar nijs der te fertellen is oer dit ûnderwerp.
www.meavulva.exto.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)