K-rûte fan 23 novimber 2011

Yn dizze K-rûte û.o.:
* Pieter Pander by galery Zofier
* Liet Ynternasjonaal yn Italië
* Nijste foarstelling 'n Meeuw
 
Pieter Pander
Pieter Pander út Frjentsjer is ien fan de bekendere skilders fan Fryslân. Hy skilderet bygelyks minsken en bisten "neffens de waarneming". Fan in foto dus, of mei in model. Ien skilderij per wike, dat is syn gemiddelde produksje. In keunstner dy't tige wurdearre wurdt troch it publyk mar ek yn de profesjonele keunstwrâld.Yn syn hûs hingje ferskate wurken, mar it measte hat syn wei fûn nei klanten oer de hiele wrâld.
www.pieterpander.nl
 
Liet Ynternasjonaal
Albert Jensma docht ferslach fan Liet Ynternasjonaal fanút Udine yn Italië. Janna Eijer fan Jobbegea moat it mei har sels skreaune nûmer "1 Klap" opnimme tsjin 11 kandidaten út oare minderhiedstaalgebieten yn Europa. It is de achtste edysje al wer fan Liet Ynternasjonaal, dat berne waard fanút it Fryske Liet Festival. Ferline jier wûn de band Orka fan de Faroëreilannen de earste priis yn Lorient, yn Frankryk. Der binne dizze edysje trije nije talen te hearen op it poadium. Dat binne it Rumantsch, it Udmurtisch, it Burgenland-Kroatisch en it Ladinisch. Sneon 19 novimber is de finale, mar it festival begjint tongersdei en duorret 4 dagen.
http://www.liet.nl/en/internationaal/
 
Van jonge mensen de dingen die nog komen
Dat is de titel fan it nije stik fan 'n Meeuw, it produksjehûs fan de jeugdteaterskoalle Ljouwert. In parafraze op  "Van oude mensen, de dingen die voorbijgaan" fan Louis Couperus. In dizze foarstelling sjogge 9 jongeren longerjend út nei it libben dat foar harren leit mei gedichten as iennichste gids. Leafde, freonskip, de dea: grutte tema's wurde ûndersocht oan de hân de grutste dichters fan Nederlân. In útdaagjend útgongspunt. Want hoe meitsje je in foarstelling mei allinnich mar gedichten as sprutsen tekst? Trudie Lute, gastregisseur by 'n Meeuw en mimespiler yn ieren en sinen, krijt it foarelkoar yn in foarstelling dêr't earnst en lichtens stride om it earste plak.
 
Sjoch op de fernijde webside fan de Jeugdteaterskoalle.
www.meeuw-jts.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)