K-rûte fan 23 maaie 2012

Yn dizze K-rûte:
* Deiboek Anne Frank yn dûns mei Karin Lambrechtse
* Aktiviteiteromte yn nij Fries Museum
* Weidum slacht troch
 
Deiboek Anne Frank op dûns
Op sneon 16 juny fiert de Jeugd Dans Opleiding Friesland har 10-jierich bestean yn De Harmonie yn Ljouwert. Artistyk lieder Grietine Molenbuur skuort alles út de kast om dy dei 8 dûnsstikken op 'e planken te bringen en der in moai feest fan te meitsjen. It Frysk Jeugd Orkest fersoarget de muzikale begelieding en sadwaande dogge der sa'n 120 Fryske jongeren oan it spektakel mei. Ien fan goreografyen is makke troch Grietine self en is ynspirearre op it deiboek fan Anne Frank. Se frege dûnseres Karin Lambrechtse om mei har mei te tinken en tegearre makken se in yndrukwekkende ferhaal mei 70 dûnsers en Lambrechtse yn de haadrol. "In foarrjocht om mei har te wurkjen", seit Molenbuur. Want Lambrechtse is profesjoneel dûnseres by Introdans, sit in soad yn it bûtenlân en hat it smoardrok. Mar foar dit projekt komt se graach nei Fryslân werom. Se groeide op yn Goutum en learde har earste dûnsstapkes fan Grietine.
 
Aktiviteiteromte yn nij Fries Museum
In yndustrieel laboratoarium, sa sjocht arsjitekt Nynke-Rixt Jukema de romte foar har, dy't se ûntwurpen hat foar it nije Fries Museum.
It moat in aktiviteiteromte wurde op de twadde ferdjipping fan it museum dêr't in grut ferskaat oan gebrûkers mei út de fuotten kin.
Nynke-Rixt betocht in sân meter lange kast mei útklapbere tafels. Foar it meitsjen fan de krukken skeakelet se it fakmanskip yn fan keramiste Lies van Huet en meubelmakker Ronald van der Zwaag.
www.nrjarchitectuur.nl
www.friesmusuem.nl
 
Weidum slacht troch
Hawwe jo wol ris fan in Malletband heard? Dat is in orkest dat hast allinnich mar bestiet út slachwurkynstruminten, sa as fibrafoans, skylofoans, pauken en marimba's. En wat it ek bysûnder makket is dat it repertoire fan sa'n band hielendal út popmuzyk bestiet. Melodysk slachwurk dus.
Yn Fryslân hawwe wy eins net echt in Malletband-kultuer,...behalve yn Weidum. Dêr binne se op it stuit drok mei de tariedings fan in bysûnder konsert mei de pakkende titel 'Weidum slacht troch'. In evenemint dat foar de twadde kear plak fine sil. Wy wienen wol benijd nei hoe sa'n malletband no klinkt en wienen ferline wike by de tariedings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)