K-Rûte op Oerol fan 22 juny 2012

Jûn yn K-rûte op Oerol: Theatergroep Meeuw út Ljouwert stiet dit jier ek wer op Oerol mei harren foarstelling 'Van jonge mensen de dingen die nog komen'. Earder dit jier makken we dêr yn de K-rûte al in reportaazje oer. Mei twa spilers fan Meeuw, Sjoerd Blom en Pieter Boonstra, sjogge we nei de foarstelling 'Huisgoden' fan W&L oer de lêste bewenners fan in galerijflat dy't sloopt wurde sil, wat úteinlik blykt dat net troch te gean.
 
Wa't earder ek al yn de K-rûte sieten en hjir no op Oerol stean binne Berber de Vries, Nina Boegschoten en Sanne Super. Sy ha mekoar troffen op de Pop Akademy yn Ljouwert en stean no achter op it hiem van de Groene Weide mei harren nije foarsetlling 'Zeikwijven en Kakmadammen'. Dat spilet him ôf yn in toiletwein en giet oer toiletdames.
 
K-rûte op Oerol
Krekt as alle jierren dogge we op televyzje ferslach fan it Oerol festival op Skylge. Fan moandei 18 juny oant en mei sneon 23 juny alle dagen de K-rûte mei nijsgjirrige reportaazjes oer it festival, de minsken en de foarstellings.
Presintatoren Annet Huisman en Albert Jensma binne alle dagen op 'en paad mei in gast en sjogge nei nijsgjirrige foarstellings. Albert sil as earste mei Theunis Piersma op paad. Piersma is ekolooch en sil in kolleezje jaan yn gearwurking mei keunstner Thijs van Vuure. Op tiisdei sjogge we hoe't Annet in jûn op 'en paad west hat mei teaterdirekteur Stef Avezaat. Oare gasten yn 'e rin fan 'e wike binne aktrise Margje Wittermans en twa jonge akteurs fan jeugdteater 'n Meeuw.
Ek sjogge we by it Frysk teater selskip Tryater dy' t mei in nije foarstelling “Hjir!” op Oerol stiet. En we meitsje in reportaazje oer de gidsrûte. Jaeike Stienstra fan Skylge sil mei in groep besikers nei in tal foarstellings, mar lit dizze minsken ek bysûndere plakjes fan it eilân sjen.
 
Omrop Fryslân radio op Oerol
Fan moandei oant en mei freed in Oerol audio-deiboekje fan Karen Bies yn Omnium om 11.30 oere en in ferslach fan in foarstelling yn Aktueel tusken 16.00 en 18.00 oere.

Oerol repo harkspul Kinnum

Oeroldeiboek fan 22 juny 2012

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)