K-rûte op Oerol fan 21 juny 2012

Jûn yn K-rûte op Oerol: Skriuwer Nyk de Vries is ek op Oerol mei de foarstelling 'De dingen gebeuren omdat ze rijmen'. Tegearre mei him gongen we op syn fersyk nei de foarstelling 'My dinner with André' fan regisseur Karina Kroft. Fan it stik is 30 jier lyn in film makke en dat wie ien fan Nyk syn favorite films. Nei de foarstelling praat er mei ien fan de aktrises Johanna ter  Steege.
 
De mannen fan BUOG, Pieter Stellingwerf, Kees Botman, Jan Tekstra en Frans Krom, stean dit jier foar it earst as BUOG op Oerol. Se spylje alle dagen harren nije foarstelling 'Ecomani' meardere kearen op it Westerkeyn terrein.
 
K-rûte op Oerol
Krekt as alle jierren dogge we op televyzje ferslach fan it Oerol festival op Skylge. Fan moandei 18 juny oant en mei sneon 23 juny alle dagen de K-rûte mei nijsgjirrige reportaazjes oer it festival, de minsken en de foarstellings.
Presintatoren Annet Huisman en Albert Jensma binne alle dagen op 'en paad mei in gast en sjogge nei nijsgjirrige foarstellings. Albert sil as earste mei Theunis Piersma op paad. Piersma is ekolooch en sil in kolleezje jaan yn gearwurking mei keunstner Thijs van Vuure. Op tiisdei sjogge we hoe't Annet in jûn op 'en paad west hat mei Teaterdirekteur Stef Avezaat. Oare gasten yn 'e rin fan 'e wike binne aktrise Margje Wittermans en twa jonge akteurs fan jeugdteater 'n Meeuw.
Ek sjogge we by it Frysk teater selskip Tryater dy' t mei in nije foarstelling “Hjir!” op Oerol stiet. En we meitsje in reportaazje oer de gidsrûte. Jaeike Stienstra fan Skylge sil mei in groep besikers nei in tal foarstellings, mar lit dizze minsken ek bysûndere plakjes fan it eilân sjen.
 
Omrop Fryslân radio op Oerol
Fan moandei oant en mei freed in Oerol audio-deiboekje fan Karen Bies yn Omnium om 11.30 oere en in ferslach fan in foarstelling yn Aktueel tusken 16.00 en 18.00 oere

Oeroldeiboek fan 21 juny 2012

Oerol repo Klaas Postmus

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)