K-rûte fan 2 novimber 2011

Yn dizze K-rûte û.o.:

* Jörgen Scholtens
* Joop Wittermans
* Thijs en Evert Rinsema eksposysje

 
Jörgen Scholtens
Dit jier bestiet it Groninger Studenten Cabaret Festival 25 jier. Kabaretiers lykas Theo Maassen en Jochum Meijer belibben yn Grins harren lanlike trochbraak. Mar ek Jan Jaap van der Wal út Ljouwert stie yn de finale. En yn 2007 wûn Ronald Smink fan De Jouwer. Dit jier die Jörgen Scholtens , eks-soapie fan Onderweg Naar Morgen fan BNN, ek mei. En it gie lekker mei Jörgen. Hy spile himsels troch nei de finale dêr't hy it opnimme moast tsjin twa froulju.
http://www.gscf.nl

 

Rinsema eksposysje Drachten
Oant en mei 18 maart hat it Drachtster Museum harren grutste eksposysje ea.
It is in eksposysje oer it libben en it wurk fan de bruorren Thijs Rinsema (1877 – 1947) en Evert Rinsema (1880 – 1958). Twa Drachtsters dy't beide (de ien as skilder, de oar as skriuwer) yn it begjin fan de foarige ieu keunstsinnich warber wienen mei it Modernisme.
Earder dit jier koe eltsenien dy't in Rinsema thús stean hie, dat oanbiede by it museum foar brûklien. Dat blykte sa suksesfol dat it museum no sawat 300 wurken fan de Rinsema's tentoanstelle kin en sil.
De pakesizzer fan skilder Thijs Rinsema - Thijs Rinsema jr. - hat in wichtige rol yn de gearstalling fan dizze eksposysje. De K-Rûte gie mei him Drachten yn om te sjen wat der oerbleaun is fan de ynfloed fan dizze Modernistyske bruorren. Mar seach fansels ek by de lêste tariedings foar dizze Rinsema eksposysje.
www.museumdrachten.nl
 
 
Joop Wittermans 65 en 40 jier yn it fak
Hy waard 65 jier lyn berne yn Burgum.
Hy studearre oan de toanielakademy fan Arnhem en wie dêrnei yn it hiele lân op toaniel, film en televyzje te sjen.
Akteur Joop Wittermans wurdt dizze wike 65 jier, mar sit, miskien noch wol wichtiger, al 40 jier yn it fak.
Hy spile yn dy jierren yn films as De Fûke en Van God Los, yn televyzjesearjes as Fort Alpha en Vrouwenvleugel en op toaniel by Tryater en ferskate oare selskippen.
Wy sjogge mei Joop Wittermans werom op dy earste 'bloeiende' 40 jier fan syn karriêre.
Wat sjocht hy as hy werom sjocht?
En wat moat de takomst dan noch bringe?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)