K-rûte fan 2 maaie 2012

Yn dizze K-rûte:
* Rekwiëm fan Mozart en boek Alphons Katan
* Tango projekt mei bandeonist Carel Kraayenhof
* Keunstner Auke de Vries wurdt 75 en is 50 jier aktyf
 
Rekwiëm fan Mozart en boek Alphons Katan
Op De Jouwer is op 1 maaie in bysûndere útfiering fan it 'Requiem' fan Mozart yn de Sint Mattheustsjerke. Wylst fjouwer solisten, it 'Kamerkoor Kunstklank' en it 'Symfonisch Kamerorkest' ûnder lieding fan Jan Vermaning it ferneamde rekwiëm útfiere wurde foto's fan jonge slachtoffers fan de Holocaust projekteard. Bern dy troch de Dútsers deportearre binne. De measten waarden fan kamp Westerbork nei de ferneatigingskampen yn Dútslân en Poalen brocht.
Yn Kamp Westerbork fertelt de 70-jierrige Alphons Katan hjoed-de-dei oer wat hy meimakke hat yn dat kamp. As troch in mirakel, in tante wist him der út te krijen, oerlibbe hy de oarloch. Dat ferhaal hat er no opskreaun yn it boek "slagboom tussen leven en dood" en by it hûs yn Ljouwert dêr't syn âlders oppakt binne leit no in tinkstien oan harren neitins. Heit en mem Katan kamen yn de kampen Auswitch en Mauthausen om it libben.
Yn K-rûte fertelt Katan oer syn boek en kinne jo sjen en hearre nei it rekwiëm.
 
Auke de Vries
Yn Museum Belvédère is fan 13 maaie o/m 26 augustus in eksposysje te sjen fan de keunstner Auke de Vries.
De keunstner begûn syn artistike karriêre as skilder en grafikus, mar krige ynternasjonale bekendheid mei syn elegante en grillige skulptueren dy't opboud wurde út geometryske foarmen dy't lykje te sweven. Wurken fan De Vries binne te finen yn de iepenbiere romten fan wrâldstêden as Barcelona en Berlijn. Yn eigen lân binne foaral it Maasbeeld (Rotterdam) bekend en de markante bylden by Station Hollands Spoor yn Den Haach of yn de fiver fan it NAi yn Rotterdam. Yn 2012 wurdt De Vries 75 jier en is hy rom 50 jier aktyf as keunstner. Dizze tentoanstelling markeart dat jubileum. Ek ferskynt der in wiidweidige monografy by NAi Uitgevers, mei teksten fan o.a. Rudi Fuchs, Antoon Melissen en Renate Wiehager. Reden genôch foar K-rûte om omtinken oan dizze bysûndere man te jaan.
 
Tango projekt mei bandeonist Carel Kraayenhof
Op 10 mei fynt der in jûnfoljend tangospektakel plak yn de Harmonie yn Ljouwert. Te gast is Nederlânsk bekendste bandeonist Carel Kraayenhof. Hy sil mei syn tango-ensemble in kompilaasje fan syn nijste programma 'Puur' hearre litte. Ek giet de nije produksje fan dirigent Frans Vermeersen Tengo Tango! dizze jûn yn premjêre. Denise Rivera sjongt in tal tangoklassikers mei it orkest. Ek spilet it Tengo Tango! orkest tegearre mei Kraayenhof it stik 'Oblivion' fan Piazolla. En dûnsje tangodûnspear Rob en Inez yn de Harmonie. K-rûte gie nei de repetysjes fan orkest en dûnspear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)