K-rûte op Oerol fan 19 juny 2012

Hjoed yn K-rûte op Oerol: Teater direkteur Stef Avezaat fan de Lawei hat him sels in bannich programma oplein en sjocht yn trije dagen sa'n 10 foarstellings. Annet Huisman gie mei him mei nei twa Belgyske foarstellings. 'Rechafaudages' fan it Alibicollectief en 'de Terminator Trilogie' fan FC Bergman.In nij programmaûnderdiel op Oerol dit jier binne de 'Gidsroutes'. Je geane dan oan 'e hân fan in tema en persoanlike ferhalen van de gids, nei in tal foarstellings. Ien fan de gidsen is Jaeike Stienstra fan Skylge. Ronnie Porte en kameraman Dirk Hofstede gongen mei har en har groep nei de foarstelling fan de groep Cowboy bij Nacht.
 
K-rûte op Oerol
Krekt as alle jierren dogge we op telefyzje ferslach fan it Oerol festival op Skylge. Fan moandei 18 juny oant en mei sneon 23 juny alle dagen de K-rûte mei nijsgjirrige reportaazjes oer it festival, de minsken en de foarstelings. Presintatoren Annet Huisman en Albert Jensma binne alle dagen op 'en paad mei in gast en sjogge nei nijsgjirrige foarstellings. Albert sil as earste mei Theunis Piersma op paad. Piersma is ekolooch en sil in kolleezje jaan yn gearwurking mei keunstner Thijs van Vuure. Op tiisdei sjogge we hoe Annet in jûn op 'en paad west hat mei Teaterdirekteur Stef Avezaat. Oare gasten yn 'e rin fan 'e wike binne aktrise Margje Wittermans en twa jonge akteurs fan jeugdteater 'n Meeuw. Ek sjogge we by it Frysk teater selskip Tryater dy' t mei in nije foarstelling “Hjir!” op Oerol stiet. En we meitsje in reportaazje oer de gidsrûe. Jaeike Stienstra fan Skylge sil mei in groep besikers nei in tal foarstellings, mar lit dizze minsken ek bisûndere plakjes fan it eilân sjen.
 
Omrop Fryslân radio op Oerol
Fan moandei oant en mei freed in Oerol audio-deiboekje fan Karen Bies yn Omnium om 11.30 oere en in ferslach fan in foarstelling yn Aktueel tusken 16.00 en 18.00 oere

Oeroldeiboek fan 19 juny 2012

Oerol repo Roos van Geffen

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)