K-rûte fan 16 maaie 2012

Yn dizze K-rûte:
* Sweelinckfestival
* Obe Postma
* 'Find your own way' yn Cristalic
 
Sweelinckfestival
Saakje Zijlstra en Theo Jellema diele inselde passy. Beide hâlde se fan âlde muzyk en dan benammen fan muzyk dy't stadichoan út it gehoar rekke is. Troch de ieuwen hinne is der hiel wat moaie muzyk makke. Mar it probleem is dat it measte derfan op de planken lizzen bliuwt. Der is amper belangstelling foar. Kennelik kinne we dizze muzyk net mear op wearde skatte en bedarret it ferfolgens yn de ferjithoeke. Dit jier is it Sweelinckjier en is der rûnom oandacht foar dizze komponist dy't 450 jier lyn berne is. Yn de Waalske tsjerke fan Ljouwert wurde 3 konserten halden . Zijlstra en Jellema blaze it stof fan in tal fergetten stikken fan Jan Pieterszoon Sweelinck en oare heal fergetten komponisten. Op 12 en 26 maaie en 16 juny.
 
'Find your own way' yn Cristalic
Foariche wike wie d'r in konsert yn de boppeste ferdjipping fan Crystalic. Lysbeth Munniksma hat d'r har ôfstudearkonsert halden foar har muzykoplieding oan D-drive yn Ljouwert. Se is opgroeid yn Koudum en hat dêr al betiid de kelder fan har heit en mem opeaske foar in muzykstudio. Har ôfstudearfoarstelling is in miks wurden fan de akoestyske singersongwriter lieten fan it doarp tsjinoer hurde trancebeats fan de stêd. De foarstelling 'Find your own way' fertelt oer har eigen ûntwikkeling yn Koudum nei mear mooglikheden en kontakten en minsken yn de stêd.
 
Ferzen fan Obe Postma op muzyk
It Obe Postma selskip skreau yn 2011 in wedstriid út. Wa makket de bêste komposysje op in fers fan dizze dierbere Fryske dichter (1868 - 1963). Fjirtjin ynstjoerings kamen der binnen. Komponist Peter Visser fan Voorburg waard unanym ta winner keazen. Syn trije komposysjes fan de ferzen "Jûn", "Al myn libbensfreugde" en "Ofskie" wurde yn de hjerst fan 21012  útfierd troch koar en piano.
It selskip krijt fêst in foarpriuwke yn it tsjerkje fan Koarnwert. Peter Visser spilet dêr yn in lytse besetting (piano, fioele en mezzo-sopraan) trije oare fersen fan Obe Postma. Visser fielt him ferwant mei de Fryske dichter, fral, sa seit er "fanwege syn natoermystyk."
www.obepostma.nl
www.wolmail.nl 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)