K-rûte fan 14 desimber 2011

Yn dizze K-rûte û.o.:
* Elske DeWall
* Fryske Pop Awards
* Krystspektakel yn Drachten
 
Elske DeWall op teatertour
It sukses fan de Fryske ferskeskriuwster en sjongeres Elske DeWall (1985, Feanwâlden) giet noch altiten fierder troch. Mei har eigen band spilet se in soad op festivals en yn klups troch it hiele lân en de nasjonale media meie graach omtinken oan har jaan. Har trochbraak kaam yn 2008, doe’t se nei in allerearste demo in platekontrakt krige by Universal Music. Har debút-cd Balloon over Paris hat se opnommen yn New Jersey (VS) en waard tige goed ûntfongen. De measte nûmers hat se sels skreaun. By it projekt Leonard Cohen yn it Frysk, fertolke sy it nûmer Dûnsje my de leafde út (Dance me to the end of love). Yn it nije jier ferskynt har twadde studio-album. As foarpriuwke op it nije wurk is it nûmer Chasing the impossible earder dit jier op single útbrocht. Dit nûmer is ek de titeltrack fan de spylfilm Alle Tijd, mei Paul de Leeuw yn ‘e haadrol. Twa wiken ferlyn wûn Elske DeWall de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds. Se hat dizze priis krigen as stimulâns foar har muzikale karriêre. Fan jannewaris 2012 ôf begjint har lanlike teatertour. De K-rûte komt by har del yn har eigen studio yn Ljouwert foar in ynterview.
 
Fryske Pop Awards
Op freed 9 desimber is fan 20.00 oere ôf yn Poppodium Romein yn Ljouwert de útrikking fan de Friese Pop Awards. K-rûte is der by en folget benammen Mr. Wallece dy't nominearre is foar Talent Award. Friesland Pop organisearret, yn gearwurking mei Poppodium Romein, de Friese Pop Awards. Op dizze jûn wurde der fjouwer prizen útrikt oan Fryske popartysten, bands en projekten. Haadpriis op de jûn is de jierlikse Fryske Poppriis, dy't yn it ferline al wûn waard Troch ûnder oare Wâldrock, De Kast en Meindert Talma. Ferline jier wie Nynke Laverman winner fan de Fryske Poppriis. Yn 2011 wurdt de priis voor de 16e kear útrikt. Sjoch ek op http://www.facebook.com/event.php?eid=305112609518098 Hjirûnder in oersicht fan de nominearren fan dit jier foar de ferskate prizen:
 
Fryske Popprijs:
- Jan ten Boom
- Podium Asteriks
- De Hûnekop
- Fryske Cash
 
Ljouwerter Krante Publykspriis:
- Into The Grave
- Syb als Jezus in The Passion
- Freeze Festival
- Fryske Cash
- De Popfabryk
- Klopfgeist label
- A Silent Express
- Die Twa
- Folk In De Wâlden
- Frisian Metal Massacre LP
 
Talent Award:
- BlackBoxRed
- Mr. Wallace
- Reina Rodina, Wetterkâld
- Pioneers Of Love
 
Klipkar+ Clip Award:
De Hûnekop - Jappie Commando
http://www.youtube.com/watch?v=IQB0kr71BRE
Ilanois - Starin' Into Mine
http://www.youtube.com/watch?v=3InRunFL7yA
Pioneers Of Love – Walhalla
http://www.youtube.com/watch?v=NOzKGGNv3hM
Tickets Go Past - My Confection
http://www.youtube.com/watch?v=1y_3c9IZrsc
 
Krystspektakel yn Drachten mei musikalstjer en Europeeske dûnskampioenen
Op freed 16 desimber fynt der in krystspektakel plak yn in yn krystsfear omklaaid kongressintrum yn Drachten. Sjongeres en musikalstjer Joyce Stevens, bekend fan û.o. Fame, Saterday Night Fever en Cats stiet garant foar in sfearfolle krystshow. Sy wurdt begelaat troch it Jumpin' Jazz Orchestra dat bestiet út profesjonele jazzmuzikanten út Noard-Nederlân. It orkest wurdt laat troch de Amerikaanske trompettist en dirigint Kurt Weiss. Op it program stean ek 'showdance performances'. De Europeesk dûnskampioenen fan 2011, it frouljus Street Dance Demo Team út Drachten, trede op mei Joyce Stevens en it orkest. It programma bestiet út in breed repertoire, besteande út Amerikaanske 'Christmas songs' en Sud-Amerikaanske, pop en jazz repertoire. K-rûte is benijd hoe't dizze bysûndere gearwurking útpakt en filme by de repetysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)