K-rûte fan 13 juny 2012

Yn dizze K-rûte:
* 8 iepenloftspullen
* Keunstner Pieter-Jan Boterhoek
 
8 iepenloftspullen
De kommende tiid binne der rûnom yn Fryslân iepenloftspullen. Yn dizze K-rûte in koart foarpriuwke fan dy stikken dy't foar de simmerfakânsje noch spylje. Yn Easterwierrum spylje de skoalbern út de groepen 7 en 8 fan de basisskoallen yn Littenseradiel “De stim fan Ludsjewierrum”. Dy stim is fan Hikke en sy sil sjonge foar de sjuery. Mar as it ien kear safier is dan lit har stim it ôfwitte. En brekt der panyk út yn Lûdsjewierrum. Yn Ketlik-Mildaaam spilet “De hear fan Ocksefurd”, in komeedzje fan Molière.It oarspronklike ferhaal giet oer in rike boarger dy't syn dochter oan in rike adellike boer keppelje wol. Mar de dochter hat folle leaver har buorjonge en de buorjlu helpe har derby. Yn Bantegea spilet yn Natoergebiet De Koepeinse “Straverus: Tiid is in sirkel”. It stik begjin sa'n 2500 jier werom en giet oer Straverus dy't derachter komt dat syn learling Tobias deselde bysûndere jeften hat as hyself. Tobias makket in reis troch te tiid en krijt dêrby frijwat foar de kiezen.Op 'e Himrik spilet “Op syk nei Billie”. In bewurking fan de film Billy Eliot dy't spilet op it Ingelske plattelân yn de jierren '80. Billy wol net, sa as de measte jonges fan syn leeftiid nei de boksskoalle, mar nei dûnsles. En dat fynt elts dêr mar frjemd. Wat dochst dan? Dochst wat der fan dy ferwachte wurdt, of folgest dyn dream? Yn Burgum fiere se “Peer Gynt” op. Peer groeit op by syn mem yn in lyts doarpke yn de wâlden. Hy stiet bekend as in fantast. Troch in domdryste aksje wurdt er út it doarp ferballe en lûkt de wrâld yn. En der makket er sa it ien en oar mei.
 
Snakkerbuorren komt mei it stik “Falskspilers”. It giet oer in operetteferiening dy't “The beggars opera” opfiere wol. Mar mei de repetysjes giet der fan alles mis. Der binne problemen oer de rolbesetting, se prate achter mekoars rech om en guon kinne net fan mekoar ôfbliuwe. Yn Ljouwert makket Caro Kroon mei Spoonk de foarstelling “Snorrow”. In stik mei gringo's, poncho's, sombrero's en snorren. It is in parody op it ferhaal fan Zorrow en waard earder spile troch it Ro-Theater. In aventoereferhaal mei ferskes, live muzyk en in degenduel. En Dronryp spilet “Ut 'e loft”. It wier bard ferhaal fan in man dy't hingjen bliuwt op in fleanfjild en dêr in jier lang wennet. Der binne boeken oer skreaun en films fan makke. (Steven Spielberg “The Terminal”). Mar de spilers fan Dronryp dogge it op har eigen wize en zoome yn op de emoasjes fan minsken dy't reizgje, fuortgeane en weromkomme.
 
Pieter-Jan Boterhoek
Pieter-Jan Boterhoek (1990) is studint oan de keunstakademy yn Zwolle en is drok dwaande mei syn ôfstudearprojekt oer Swarte Hean. As lyst jonkje is hy opgroeid yn dit gebiet en troch de jierren hinne is hy der fassinearre troch rekke, dêrom wie de kar foar dit ûnderwerp gau makke. Hy makket fan slyk út it waad spesjale inket om seefdrukken te meitsje. Fierder docht hy ûndersyk nei dit plak troch mei bewenners yn petear te gean en makket hy foto's. Dit alles wol hy úteinlik bondelje yn in 'atlas' oer Swarte Hean.
Www.pieterjanboterhoek.com

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)