K-rûte fan 1 febrewaris 2012

Dizze wike yn K-rûte û.o.:
* Wolkeskilders yn De Lawei
* Dance Date mei Fryske dûnsers
* Antje Steegstra mei solofoarstelling oer har pake
 
Wolkeskilders yn De Lawei
Loften skilderje is in fak apart. Om te sjen hoe je soks no krekt oanpakke giene wy op paad mei trije betûfte Fryske loftenskilders: Gerrit Wijngaarden, Margreet Boonstra en Klaas Weremeus Buning. Mei ezel, ferve en kwasten socht Douwe Talma mei de skilders in moai plakje om in prachtige jannewaris loft fêst te lizzen op it linnen.
Oanlieding is de eksposysje "Lucht en Land" yn De Galerij by de Lawei yn Drachten. Dat is in oersjochstentoanstelling fan loftenskilderijen. Neist it wurk fan de skilders mei wa wy op paad giene, hinget der ek noch wurk fan oare Noardlike loftenskilders. Dizze eksposysje rint noch oant en mei snein 5 febrewaris.
www.lawei.nl/degalerij
 
Dance Date
De moderne dûnsgroep 3Dee út Snits is ien fan de regionale dielnimmers op it Holland Dance Festival yn Den Haach, dat fan 26 jannewaris oant en mei 25 febrewaris hâlden wurdt. De groep is nei in audysje útkeazen as fertsjintwurdiger fan de noardlike amateurdûns by it projekt Dance Date. Troch dizze seleksje kriget de dûnsgroep de kâns om mei de renommearde Switserske koreograaf Jerôme Meyer gear te wurkjen. ,,In machtige ûnderfining, mar tige hurd wurkjen’’, sizze de dûnsers deroer.
3Dee is al fan oktober ôf oan it trainen foar it projekt. Yn de wike foar de premjêre yn Den Haach komt de K-rûte del by de lêste training yn Ljouwert. It wurdt in spannende dei, want Jerôme wol no dat echt alles op 'e dûnsflier perfekt útfierd wurdt. Nei it festival giet Dance Date op toernee troch it hiele lân. Op 15 april binne de dûnsgroepen te sjen yn de Lawei yn Drachten.
www.holland-dance.com
 
Antje Steegstra en Prof. Bergini
Gûcheler, yllúzjonist, bûksprekker, poppekastspiler, dat wie Ybe van Zandbergen (1898-1976). Better bekend as Prof. Bergini, út Grou. Yn syn libben reizge hy stêd en doarp ôf om syn keunsten te fertoanen en dat foel meastentiids goed yn 'e smaak. In wiere entertainer, soene jo no sizze. Mar efter dat libben op it poadium siet in hiel libben fol eangsten en ûnrêst. Syn gezin, frou en twa dochters, krigen in man fol tsjinstellingen te sjen. Syn swiermoedige emoasjes, oantinken en leafde foar syn frou en bern skreau hy letter yn syn libben op.
No't sawol har mem as muoike noch libje wie it foar pakesizzer en aktrise Anja Steegstra fan Grou tiid om in stik oer har pake te meitsjen.
Dêryn spilet sy sels alle froulju út syn libben, te witten har beppe, tante, mem en harsels. In earbetoan oan Prof. Bergini.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)