Jûnpraters fan 16 maart 2015 19:00

Jûn de lêste Jûnpraters mei de listlûkers fan de nije partijen:

Presintaasje: René Koster
Docht Jannewietske de Vries oan sport?
Fan hokker muzyk wurdt Sander de Rouwe no waarm?
En hoe is Johannes Kramer de polityk eins ynrûgele?

Allegear fragen dy’t oan 'e oarder komme kinne yn it nije Omrop Fryslân-programma ‘Jûnpraters’ yn it kader fan de steateferkiezings. Alle dagen is der in listlûker te gast mei wa't de tiid nommen wurdt foar in nijsgjirrich ien-op-ien petear. Gjin hastige oneliners, mar yn alle rêst dúdlik krije wat de politisy wolle en wat har driuwt. Der komme net allinnich politike ûnderwerpen oan 'e oarder, mar ek oare saken dy't in better byld jaan kinne fan de politikus as persoan. Sa draaie we muzyk út it CD-rek fan de gast en hearre we it ferhaal dat der by heart. Fansels komme ek politike motivaasje, plannen en ambysjes oan bar, it is úteinlik ferkiezingstiid!

‘Jûnpraters’ is alle wurkdagen te beharkjen nei Radio Froskepôle. Dochs is it programma ek te sjen: Omrop Live stjoert it live fia ynternet út en de petearen bin letter ek werom te sjen op de webside fan Omrop Fryslân.

Jûn binne Jan Waterlander, Rinie van der Zanden en Klaas Jan Wassenaar te gast

Jan Waterlander fan 50Plus
Rinie van der Zanden fan de Partij voor de Dieren
Klaas Jan Wassenaar fan de Libertarische Parij

Mear ynformaasje oer de Provinsjale Steateferkiezings

Jûnpraters mei Jan Waterlander, Rinie van der Zanden en Klaas Jan Wassenaar

19:20 - Rolling Home - Fries Om Utens
19:41 - Jaap Fischer - Het Ei
19:56 - Doors - Break On Through

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)