It Waar fan 9 oktober 2013 18:15

Foarútsjoch
Wy krije in wrede hjerstdei mei in soad buien, út en troch mei hagel of tonger. De sinne lit him bytiden ek sjen. It is mei in 12 graden wol kâld. De wyn komt út it noardwesten, is krêftich oant hurd oan see en draait oerdeis nei it noarden oant noardeasten.

Tongersdei buien, út en troch mei hagel of tonger, by 12 graden. De noardwestlike oant noardlike wyn is krêftich oant hurd. Freed flink wat rein by 13 graden. Sneon oant en mei moandei inkelde buien by 12 of 13 graden, út en troch sinneskyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)