It Waar fan 9 novimber 2012

Foarútsjoch
It wurdt in bewolkte dei en wy krije perioaden mei rein en storein. It bliuwt frij myld mei temperatueren dy't oprinne nei 10 of 11 graden, by in matige en oan see frij krêftige wyn út it suden oant súdwesten. Sneon wurdt it reinerich en bewolkt by 11 graden. Snein en moandei hawwe wy te krijen mei buien of buikes, mar is der ek geregeld sinneskyn. De temperatueren komme dan te lizzen om de 9 of 10 graden hinne. Tiisdei oerdeis wikseljend bewolkt waar mei soms in spatsje rein en temperatueren om de 11 graden hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)