It Waar fan 7 augustus 2012

Foarútsjoch:
Wy krije in dei mei bewolking, mar ek út en troch sinneskyn en it liket oer it algemien droech te bliuwen. De temperatueren komme te lizzen om de 20-21 graden hinne, by in swakke oant matige wyn út it westen oant noardwesten.

De kommende dagen droech simmerwaar ûnder infloed fan in hegedrukgebiet. Earst temperatueren om de 20 of 21 graden hinne. Yn it wykein rint de temperatuer fierder op nei simmerske wearden fan 24 of 25 graden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)