It Waar fan 6 jannewaris 2014 18:15

De winter is fier fuort. Dit komt troch de sterke súd- oant súdwestlike streaming dy't al wikenlang bestiet troch de posysje en rjochting fan depresjes yn it noardwesten fan Europa. It foarútsjoch jout noch gjin hegedrukgebiet oan en salang't de drukferdieling net feroaret, bliuwt it wikselfallich en sacht. Moandei en tiisdei wurdt it reinich. Temperatueren fan 11 graden, letter yn 'e wike wat leger en droeger. Nachts net ûnder de 4 graden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)