It Waar fan 5 febrewaris 2014 18:15

Foarútsjoch.
It is woansdei earst droech mei bewolking en sinne, mar op 'e Waadeilannen en oan see komme der inkelde buien foar. Letter yn 'e middei wurdt it bewolkter mei jûns fanút it súdwesten rein. It wurdt sa'n 9 of 10 graden. De wyn komt út it suden oant súdwesten en wurdt matich oant krêftich oan see.

Tongersdei meast droech en ek sinneskyn en 8 graden. Freed en sneon reinich, wiet waar, oerdeis 8 of 9 graden en in krêftige (oan see soms hurde) súdlike oant súdeastlike wyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)