It Waar fan 5 desimber 2012

Foarútsjoch
Oerdeis enkele winterse buien of buikes, ek sinne en 2 oant 5 graden. De wyn krimpt nei súdwest oant súd en wurdt matich oant krêftich. Inkelde winterse buien mei (wiete) snie. In 'e nacht fan tongersdei op freed, fanût it westen snei en temperatueren om it friespunt hinne. Op de Waadeilân snie en rein.

Freed krije wy flink wat snie, mei yn 'e moarntiid lange tiid temperatueren ûnder nul. It wurdt maksimaal sa'n 1 °C boppe nul. Der kin tusken de 5 oant 10 sm snie komme. Yn 'e nacht nei snein -3 of -4 °C. Sneon oerdei in winterdei mei temperatueren om de +1 graad hinne en yn 'e nacht lichte oant matige froast. Snein wat snie, mooglik ek rein of izel. Moandei teiwaar mei 6 graden en wat rein en tiisdei 5 graden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)