It Waar fan 30 oktober 2012

Foarútsjoch
It wurdt in aardige dei. De sinne komt foar 't ljocht en de temperatueren rinne op nei 10-11 graden. Op de Waadeilannen kin mooglik wat rein falle, op oare plakken bliuwt it droech. Der komt in stevige súdlike wyn te stean; matich oant krêftich oan see.
Tongersdei krije wy fan it westen út rein en bewolking. It wurdt 10 graden. Dêrnei bliuwt it wikselfallich mei rein en mear wyn. Temperatueren om de 9 of 10 graden hinne. Oan de ein fan de wike en yn it wykein wiet waar mei sa'n 10 mm delslach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)