It Waar fan 30 novimber 2013 18:10

It bliuwt sneon meast droech, op in pear buikes nei yn 'e moarntiid nei en it wurdt wikseljend bewolkt mei út en troch de sinne derby. Temperatueren om de 9 of 10 graden hinne, by in matige oant frij krêftige wyn út it noarden oant noardwesten. Jûn en fannacht kâns op in buike, letter wurdt it bewolkt. Net folle wyn.

Snein in soad bewolking en bytiden in bytsje storein, mar meast droech waar. Mooglik letter noch wat sinneskyn yn it Waad- en kustgebiet. Temperatueren om de 10 of 11 graden hinne. In matige oant frij krêftige noardwestlike wyn. Op 'e jûn en yn 'e nacht opklearrings en kâns op dize of mist, by 3 graden.

Moandei geregeld sinne en oerdeis sa'n 8 graden. Net folle wyn, swak út east oant súdeast. Nachts temperatueren om it friespunt hinne. Kâns op mist en op plakken glêdens. Tiisdei ek sinne, mei kâns op mist of dize en oerdeis 5 graden. Woansdei in soad bewolking en sa'n 5 graden. Tongersdei letter rein en oerdeis 6 graden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)