It Waar fan 3 desimber 2012

Foarútsjoch
It wurdt in wikseljend bewolkte dei en we krije te meitsjen mei buien mei kâns op tonger en hagel. De temperatueren komme tusken de 5 en 7 graden te lizzen. De wyn wurdt matich oant frij krêftich oan see en komt út it westen oant noardwesten. Yn 'e jûn en nacht inkelde opklearrings en wat buiïge delslach. Woansdei wurdt in bewolkte dei en we krije te meitsjen mei inkelde winterse buien en (wiete) snie. Oerdeis temperaturen om de 2 oant op syn meast trije graden. Yn 'e nacht fan woansdei op tongersdei ien graad froast. It wurdt dan glêd. Tongersdei en de dagen dêrnei buien, rein en sa út en troch ek wat winterske delslach. Temperatueren om de 4 oant 5 graden. In wiete boel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)