It Waar fan 29 septimber 2014 17:15

Foarútsjoch:
Tiisdei meast droech waar mei bewolking en sinneskyn, en sawat 19 of 20 graden. Mooglik yn de moarntiid yn it Waadgebiet en yn it noardwesten fan 'e provinsje in inkelde bui. Woansdei geregeld sinneskyn en likernôch 19 of 20 graden. Yn 'e nacht op plakken mist. Fan tongersdei ôf oant en mei it wykein, rêstich waar en út en troch sinneskyn mei 18 oant 20 graden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)