It Waar fan 27 novimber 2012

Foarútsjoch
It wurdt bewolkt, griis en yn 'e moarntiid wetterkâld. Der kin sa út en troch wat rein of lichte rein falle. Der komme ek droege mominten en dan komt de sinne sa no en dan foar it ljocht. It wurdt sa'n 7 graden. De noardlike wyn wurdt matich en oan de kust en op de Waadeilannen (frij) krêftich.
Tongersdei bewolking, wat sinne en in buike by 6 graden en in frij krêftige noard- oant noardwestelike wyn. Freed en sneon in pear winterske buien mei (wiete) snie en hagel, by 5 graden. Yn 'e nachten temperatueren om it friespunt hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)